Burd

KAREN BIES – 

In man mei in keyboard en in lûdsynstallaasje spilet ‘Ach kassian het is voorbij’ en ‘Moai sûnder wjergea’. Mei myn beppe en alle oare min-ofte-mear mobile âlderein sit ik yn de grutte seal fan Leppehiem. Wy binne yn ôfwachting fan Sinteklaas. Aktiviteitebegelieder Jildert, ek mei burd mar yn breidene trui, hâldt ús swiet mei waarme poeiermolke en bûterletter. Mar dêr sjogge wy troch it rút Sinteklaas al oankommen, en de swart-sminkte fanfare fan Akkrum. De keyboard-man set it meast tapaslike liet yn: ‘Sinterklaasje kom maar binnen met je knecht!’ Sinteklaas en syn gefolch sitte noch fiif minuten fêst yn de luchtslûs fan Leppehiem, mar dan hellet Jildert in kaai en binne se los. Jildert giet huppeljend fan entûsjasme troch de seal. Ik fyn it spannend.

 

In man út Akkrum, ferklaaid yn tabbert, miter en burd. In man dêr’tst dyn skoech sa foar sette wolst.

 

It bedroch komt út op in simmerdei, ik bin acht jier. Wy sitte neist elkoar op de bank, ús mem en ik. Sy fertelt my dat Sinteklaas net bestiet. Dat de kadootsjes net troch Sinteklaas by de foardoar set wurde – dat fan dy dakken en dat hynder en dy skoarstien haw ik noait leaud, sa ûnnoazel bin ik no ek wer net, ik wit hoe los de pannen op ús dak lizze want ik sliep der flak ûnder, dus dan hie ik dat écht wol heard – mar dat sy en ús heit dat altyd dogge.

Har foarsichtige stim. It brune lear fan de bank. Myn sandalen en dy fan ús mem neist elkoar, op de grûn dêr’t ik noch hyltyd nei sjoch. Ik sjoch har net oan.

Wat ik fral noch wit, is hoe belazere ik my fielde. Ik, dy’t de langspylplaat mei Sinteklaasferskes út ‘e holle koe, presys wist wêr’t hy heakke, nei de pick-up rûn om geduldich de nulle wer in eintsje fierder te setten. Ik, dy’t lange brieven skreau oan Sinteklaas, dêr’t ik yn frege om in boek of in fulpinne. Of desneeds in Barbie, want ik woe ek net al te moeilik dwaan. Hoopfol die ik de brief yn myn skoech foar de kachel. Ik frege mem om de foardoar los te litten en leaude hertstochtlik fierder.

Dat it dus allegear net wier is. De skamte dat se my jierrenlang foar it lapke hâlde koene, duorret noch dagen. Foar myn jongere suske hoech ik it geheim net te bewarjen; dy hat it al lang troch, want se hat Sinteklaas ris fan tichtby besjoen en it burd siet fêstplakt mei plakbân. Dus.

Dy swarte piten kinne my neat skele. Aaklike mannen mei in brede reade gniis yn in pikswart gesicht, dy’t dan ek noch Frysk prate, ik ha se noait fertroud. Mar Sinteklaas, dy’t leaf en wiis is, mei dat grutte boek op ‘e skurte. Hy dy’t alles fan my wit, dêr’t ik yn dy brieven myn hert en siel oan jou, is dus de ferklaaide fytsemakker fan de Jouwer.

De muzyk spilet, de piten diele pipernuten út, Sinteklaas giet by alle bewenners del om dach te sizzen. En dan is er by de tafel fan myn beppe. ‘Goemiddei frou Bies!’ Sy komt stadich oerein mar sa rap as se kin. Se jout him in hân en laket. Ik meitsje in foto. Achterôf sjoch ik it noch better: ik haw it net fan frjemd. Myn beppe is 97 jier en ûnder de yndruk fan Sinteklaas. In man út Akkrum, ferklaaid yn tabbert, miter en burd. In man dêr’tst dyn skoech sa foar sette wolst, mei dyn hert en siel deryn en in winterwoartel foar de wissichheid.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.