Buchmesse

KAREN BIES – 

Utjouwer Mai Spijkers hat ris sein: ‘Schrijvers hebben niets te zoeken op de Frankfurter Buchmesse. Je gaat een koe toch ook niet eerst rondleiden in het abattoir.’

It is dus net ferwûnderlik dat de measte Fryske skriuwers leaver thúsbliuwe. Moatst sterk yn dyn skuon stean. Kinst wol in hiel moai boek skreaun hawwe, mar op de grutste boekemerk fan de wrâld giet it om jild. Wurdst net ôfslachte dan wol oan de kant skood en dat is ek wreed. De skriuwer fan it boek dat net oanrekke wurdt, krijt samar in hechtingsprobleem.

No ja, boeken binne geduldich. Ik net. Ien dei op de Frankfurter Buchmesse is fierstente koart. De merk is likegrut as seis WTC-Expo’s mei twa ferdjippings der boppe-op. Tûzenen minsken wurde mei shuttlebussen transporteard fan de iene nei de oare hal. Tuskentroch ite se in broadsje Frankfurter Wurst mit Senf op ien fan de pleinen ûnder de Messeturm. Fansels ferdwaalde ik. Mar dy Dútske bussjauffeurs binne folle aardiger as wy en stjoerden my gewoan wer de goeie kant op. Nei de hal mei de ‘international publishers’ en in stik as wat Nederlânske útjouwers.

Ik ha gjin jild, gjin fûns en ek gjin boek skreaun. Ik koe dus frij omrinne en sjen nei de strakpakte en langrokte útjouwers, in rolkofferke mei dêryn har eigen dierbere skriuwers achter har oan. Fietnameeske froulju stiene by in diske fol kleurige boeken en plastic blommen. Yn in Iraanske stand mei boeken yn goudbeslach stie in leaf laitsjende Pers, mar gjin minsk dy’t efkes by syn taffeltsje oanskode. Trije kear trof ik yn it gongpaad in grutte, donkere man yn in wytsiden gewaad, dy’t my geheimsinnich oanseach. Ik tink dat it in prins wie dy’t tafallich ek fan lêzen hâldt.

Mar goed, ik wie dêr dus foar de Fryske literatuer. Yn de kream fan it Nederlands Letterenfonds, tusken de oersettingen yn tritich talen fan Herman Koch en Cees Nooteboom, stiene tsien Fryske boeken beskieden te wachtsjen op in bûtenlânske útjouwer mei belangstelling foar literatuer út in lyts taalgebiet.

En gelokkich, der kamen minsken del en der waarden ôfspraken makke. In Súd-Afrikaan mei Adriaan van Dis en Gerbrand Bakker yn syn fûns lies in gedicht fan Tsjêbbe Hettinga en waard emosjoneel. Alpita de Jong, dy’t de ‘10 Books from Friesland’ útsocht hie, fertelde entûsjast dat in Berberske freon ‘De sûnde fan Haitze Holwerda’ lêzen hie en it moai fûn fanwege de universele tematyk. De âld boer Holwerda hie dus likegoed in Marokkaan wêze kinnen.

Wy giene noch even oan by útjouwerij Prometheus dy’t mar twa kreamkes fierderop stie. Mai Spijkers kocht in pear jier lyn foar in prikje de rjochten fan ‘Fifty shades of grey’, dus hy hat der wol in noas foar. Mar ach, Fryske frouljusporno, sitte we dêr wol op te wachtsjen? En op in útjouwer dy’t skriuwers mei kij fergeliket?

It hichtepunt fan de Buchmesse dy middeis wie doe’t de winner fan de Nobelpriis foar literatuer bekend waard. It gejuich by De Geus gong hiel Halle 5 oer. Foar dy útjouwerij wie Alice Munro de fjirde Nobelpriiswinner yn seis jier. Sy witte dus écht hoe’t it moat.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.