Portret fan Bach in 1748 troch Elias Gottlieb Haussmann
fotografy: Portret fan Bach in 1748 troch Elias Gottlieb Haussmann

Boekpresentaasje Fryske útjouwer yn Bachstêd Leipzig

MARITA DE JONG – 

It is it slútstik fan it Bach-Calov facsimile-project: de presintaasje fan it kommentaardiel Johann Sebastian Bach’s Personal copy of Abraham Calov’s Bible Commentary History – Significance – Perspectives, ûnder redaksje fan prof. Albert Clement yn Leipzig, de Bachstêd by útstek. Dêrmei komt in ein oan it aventûr dat útjouwer Dingeman van Wijnen út Frentsjer al decennia lang yn ‘e besnijing hat. Hy doarde it oan om de trije-dieliche Bibel fan Calov, dy’t de komponist Johann Sebastian Bach (1685-1750) thús regelmjittich iepensloech, wêr yn hy lies, wurden yn ûnderstreke en oantekenings yn makke, út te jaan. In faksimilee-útjefte fan 4665 siden, wêr ‘t de leafhawwer € 5.500,00 foar oer ha moat om it yn syn of har boekenkâst te setten.

It is foar de útjouwer in bysûnder momint. Van Wijnen: ‘Wat wy kommende sneon yn Leipzig presentearje is foaral de Faksimilee sels. De ferneamde Thomaskirche, wêr’t Bach as Thomascantor wurke hat mei it Thomanerchor, krijt fergees in eksemplaar en dan ek noch ‘it earste’ fan de komplete faksimilee oanbean. Dy Bibel heart dêr en sneon is it boek lang om let wêr it wêze moat.’

Mei dit lêste boek hat Van Wijnen in mega-projekt ta in goed ein brocht, al is dat net sûnder fuotangels en klemmen gien. De befleinens en fêsthâldenheid fan de útjouwer yn Frentsjer hat dêr grif ta bydroegen. It is syn earbetoan oan grutmaster Bach, dy’t al op jonge leeftyd yn syn libben kaam. De Calov Bibel is een trijedieliche útjefte mei kommentaar, gearstald troch de theoloog Abraham Calovius (1612-1686). Hy foege kanttekeningen en kommentaren ta, wêrby hy ûnder oaren putte út de sammele wurken fan Maarten Luther. Dy stiene trouwens ek by Bach yn de kâst.

Wêrom binne dizze trije boeken sa bysûnder? Omdat je, sa seit Van Wijnen, ‘oer de skouder fan Bach mei sjen kinne’. Hy hat sa’n santich oantekens makke mar ek ferskate wurden ûnderstreke en op guon plakken útroptekens set. ‘Sa kinne jo fan alles oer de tinkwrâld fan Bach te witten komme. Dizze Bibel brûkte hy privé. Dy oantekeningen wiene net bedoeld foar de bûtenwrâld. Se komme rjocht út syn hert en sizze eat oer syn belibbing fan it geloof en de keunst.’

Obstinaat type

As foarbyld neamt Van Wijnen it wurd Kapellmeister, wer ‘t in streek ûnderstiet. ‘Dêr hat hy him warskynlik mei identifisearre. In passaazje út de Kronieken oer de musici dy’t de timpel fan kening Salomon ynwije moasten, sil grif ta syn ferbylding sprutsen ha. Ek is te sjen dat hy soms wrakselt mei libbenssaken. It is bekind dat Bach in obstinaat type wie, dy’t in muoisame relaasje mei it wettige gesach ûnderhold. Regelmjittich wiene der konfrontaasjes mei syn mearderen. Yn de Bibel wurdt sichtber, dat hij dwaande wie mei teksten dy’t dêr oer giene. Dat jo je as minske bytiden ek deljaan moatte ûnder it gesach, dat men ferjaan kinne moat en besykje moat geduldich te wêzen. Mar dat as it om jo fak giet, je soms krekt de hakken yn it sân sette moatte. Dat wie him fansels út it hert grypt.’

De ôfsetmarkt, of sa we hjoed-de-dei sizze, de doelgroep, foar de kostbere útjefte is fansels beheind. Dat binne bygelyks wittenskippers, konservatoria en grutte diriginten. Sa ha Reinhard Goebel, dy’t by it NNO de Fryske Matthäus dirigearre hat en de Japanse dirigint Masaaki Suzuki fuortendaliks in eksemplaar oanskaft. Van Wijnen hat der altyd yn leaud omdat de útjefte sa unyk is. ‘It wonderlike wie, dat mar in pear minsken wisten, dat dy Bach Bibel bestie. Doe’t ik in kear mei myn frou yn St. Louis wie, giene we nei in tsjerketsjinst deunby de bibleteek wêr’t it orisjineel leit. Nei ôfrin sieten we mei de koster en organist oan ‘e kofje en sy wisten net dat de Calov Bibel dêr yn de bibleteek stie.’

Je moatte bitrouwen ha

Van Wijnen hat fan it projekt nea wekker lein, mar sa seit er, syn frou wol. It is nammentlik lang spannend bleaun of it allegear slagje soe. ‘Je moatte fansels wol wat bitrouwen ha, oars begjinne je der net oan. Hiel bemoedigjend wie, dat der yn it foar ferskate yntekenaars wiene, dy’t ongezien, foarút betellen. Dochs bleau it lang ûnwis, ek omdat it jild dat binnenkaam al wer op gien wie oan oare projekten. As it net slagge wie, hiene we dy minsken it jild werom betelje moatten. It wie bygelyks ûnwis oft de printkladden goedkard wurde soene. Wie it risseltaat foldwaande? Hoe kaam it mei it boekbinen? It gie om dikke, swiere boeken. Al dat soart saken, kamen op ús paad.’

Dizze nije útjefte wie wat dat onbelangget minder yngewikkeld. Het boek is separaat te bestellen en ek los fan de trije Bibel-dielen te lêzen. Yn it boek jout prof. dr. Albert Clement, musikolooch, teolooch en jieren lang foarsitter fan it Internationales Gesellschaft der Theologischen Bachforschung syn fisy op de notysjes fan de grutmaster. ‘Hy hie der fuortendaliks niget oan en wie bot ynteressearre.’ No’t ek dizze útjefte ta in goed ein brocht is, is der in lêst fan Van Wijnen syn skouders fallen. Hy fûn it in bysûnder projekt, mar om it syn libbenswurk te neamen, dat fynt hy dochs in bytsje oerdreaun. ‘Of it it wichtichste west hat wat ik dien ha, dêr kin ik min oer oerdiele. Ik ha wolris minsken oan de tillefoan hân oer in oar boek dat ik útjûn hie, wêr’t se fan seinen dat it harren libben safolle besjutting jûn hie. Dat is ien minskelibben mar wol op in fundamenteel nivo, ‘It wurd ropping is, neffens him, ek net op syn plak. ‘Myn libben hinget gear fan roppingen: net allinnich Bach, mar ek myn húshâlding en bygelyks de tsjerke. As je oan it ein fan je libben frede hawwe kinne mei God en de minsken, dan je al befoarrjochte.’

Dat gefoel hie Van Wijnen ek, doe’t ik him skille. Hy kuiere nammentlik mei syn frou yn de natuer, yn de buert fan Leipzig, de stêd wêr it sneon 10 juny allegear barre sil. Dêr fynt fan 8 oant 18 juni it Bachfest plak, dus dat kin net better. Minsken komme út de hiele wrâld nei Leipzig. Alle dagen binne der konserten. Van Wijnen en syn frou hiene der in fakânsje oanfêst keppele mar de útjouwer jout earlik ta, dat hy dochs justjes relaxter wêze sil as de presintaasje êfter de rêch is. Dat lit ûnferoare dat hy, ek op it stuit dat ik mei him praat, genietet. ‘We ha krekt kofje dronken yn in jachthut mei in moai útsjoch oer in mar en de spotfûgel en lytse karrekyt heard. Dat is ek musyk mar dêr kin sels Bach net on tippe.’

www.fryslan1.frl/2018/03/30/meekijken-over-de-schouder-van-bach

www.bachbijbel.nl

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.