BG, bêst goed

ELSKE SCHOTANUS – 

Foar bern fan fjouwer oant seis jier brocht Tryater yn, ûnder mear, It Posthús op It Hearrenfean Ien dei út it knisterjende libben fan in pûdsje. In pûdsje, dat is plestik en plestik, ast it net yn de ôffalbak smytst, rjochtet skea oan de natuer oan, is it boadskip fan de Frysktalige kleuterfoarstelling dy’t yn it teaterseizoen ’17-’18 ek op basisskoallen te sjen wêze sil. De foarstelling past, sa seit it parseberjocht, ‘yn de rjochting dy’t Tryater yn it [sic] nije keunsteperioade (2017-2020) ynslacht: Tryater kiest foar (polityk-) maatskiplike tema’s. It ûndersyk rjochtet him op de teatrale fertaalslach fan globale fraachstikken nei de eigen belibbingswrâld.’

 

Foar my sitte twa broerkes. De âldste leit de earm om de jongste hinne en lústeret: ‘Moai hè?’

 

Ald bin ik en as ‘âld’ ha ik noch weet fan it fleis dat de slachter yn in stikje fetfrij papier wikkele, de fisk dy’t yn âlde kranten ferpakt siet, de bôle dy’t net snien waard en dêr’t dan ek ek gjin ferpakking omhinne hoegde. Begjin jierren tachtich siet ik op in fearboat en wie ik ferûntweardige dat de Griken harren lege pakjes en bakjes en pûdsjes samar oer board smieten. Sa hie ik it net leard – ‘Laat niet, na ’t aangenaam verpozen, de eigenaar van ’t bos, de schillen en de dozen’ – dat ik smiet it ôffal yn de jiskepûden dy’t der likegoed wiene. Oan de ein fan de dei waarden dy sammele, tichtbûn en oerboard mitere, de einleas blauwe Middellânske see yn. Ik wie ûntheistere, like ûntheistere as doe’t ik, koartby, in broekje kocht. Mei de oankeap sette ik de winkel út, de dyk del, it broekje, wapperjend yn de wyn, oan in plastic kleanhinger. Al kin in pûdsje der net ôf, komst dochs thús mei bergen oerstallich plestik. En nimmen dy’t derom frege hat.

 

BG
Ien dei út it knisterjende libben fan in pûdsje freget net nei it wêrom fan al dat plestik, it stik draait om it plestik dat der is en dat net yn de natuer heart. Dy kant, ôffal dat net fergiet, dêrfoar stiet boskwachter Frits Rits (Lourens van den Akker). Fan syn heit hat er opstutsen dat plestik yn de bak heart, net yn de bosk dêr’t alderhande pûdsjes en oare rotsoai omslingerje: it is him in griis. De oare kant – plestik is funksjoneel, kin ek moai wêze, in produkt om fan te hâlden, dêrfoar stiet syn suster Rita (Marjolein Ley), klaaid yn in felkleurd plestik jurkje, keunststof neils: ‘I love plastic’.

Foar de foarstelling begjint, ha de kleuters beide kanten fan it ferhaal al meikrigen: der is gelegenheid om stoffen rêchsekjes te kleurjen en der stean 3D-printers dy’t fan pet-fleskes wat nijs meitsje. Sa krijt it famke Sien har prachtige namme, laach foar laach útprinte, mei nei hûs. De boskwachter hellet it publyk de seal yn. ‘Hoe hjitsto?’ ‘In high-five?’ ‘Witsto wat BG betsjut?’ ‘Kinne jim oant tsien telle yn it Frysk?’ De bern stean te springen en te huppeljen foar de yngong: hy hat se, hy nimt se mei, mei nei it poadium dêr’t de transparante kykhut stiet en dêrfoar de ‘houtene’ banken – fan recycled plestik – om op te sitten.

De foarstelling is hilarysk en sit fol grappen. As de Sweedske snor – in fûgel – in aai lein hat en it de boskwachter syn keale plasse is dy’t yn it nêst opdûkt leit it publyk dûbeld. Sa ek as hy en Rita fjochtsje om in pûdsje: hy wol dat it yn de ôffalbak giet, sy wol it hâlde. Moat der op in knopke drukt, dan is it ‘Hoe hjitsto? Wolsto …’ Benijd komme de bern oerein om te sjen wat der bart as blykt dat plestik op in stuit yn de oseaan telâne komt, it wetter fol pûden boppe har holtsjes. Fan boppe komt in enoarme fisk oanswimmen, in pûdsje yn ’e bek. ‘Hoe kin dat?’ klinkt it ferheard. Pûden, flessen, it poadium rekket fol mei troep. Sels Rita is har der op in stuit bewust fan dat it sá net moat, mei al dat ôffal.

Oft de ‘teatrale fertaalslach fan globale fraachstikken nei de eigen belibbingswrâld’ it hâlden en dragen fan kleuters beynfloedzje kin? De rol fan heiten en memmen, learkrêften ek, sil grutter wêze as in oerke teater, dat oerke kin op syn bêst in oanlieding foarmje om it petear oan te gean. ‘En dêrom moatsto dat fleske, bakje, pûdsje yn de bak smite, oars gean de fiskjes en de fûgeltsjes dea.’ Dan moat de foarstelling al BG wêze. BG, dat is ‘bêst goed’. Bern lige dêr net oer. Dy lizze dûbeld fan it laitsjen, sitte omkeard op de banken, fleane oerein om folgje te kinnen wat der bart en drukke op knoppen as sy dêrta nûge wurde. Mar binne sy ûnder de yndruk, dan binne sy likegoed mûskestil. Foar my sitte twa broerkes. De âldste leit de earm om de jongste hinne en lústeret: ‘Moai hè?’

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.