Berneboeke-ambassadeur Tialda Hoogeveen los op ‘e Harkema

Publisearre op 20 januari 2023

De nije Berneboeke-ambassadeur, Tialda Hoogeveen, set op ‘e Harkema útein mei har tsjinstferbân. De offisjele ynstallaasje is op woansdei 25 jannewaris om 12:30 oere op basisskoalle ’t Holdersnêst.

Lida Dykstra. Foto: Tom van Huisstede

Nije Lida

Mar earst nimme de bern ôfskie fan Lida Dijkstra, de alderearste Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân. Lida pakt it skriuwen wer folslein op en om dat te markearjen, ferskynt der in splinternij berneboek fan har hân, ‘De Letterfretter‘, mei yllustraasjes fan Berber van den Brink.

Workshop

Nei ôfrin fan de ynstallaasje sille Berneboeke-ambassadeur Tialda Hoogeveen en de yllustratoaren Berber van den Brink en Yke Reeder in workshop fersoargje foar de learlingen fan ’t Holdersnêst.

Kategory
Tags

Gjin tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels