‘Bern moatte yn har memmetaal erkend wurde’

Publisearre op 6 januari 2020

TSJOMME DIJKSTRA – 

De Portugeeske Joana da Silveira Duarte is krekt foar de simmer oansteld as lektor Meertaligheid en Geletterdheid oan NHL Stenden. Se wenne lang yn Dútslân, mar praat no floeiend Frysk. ‘Ik bin al achttjin jier út Portugal wei.’

Se folge om Frysk te learen alle kursussen fan de Afûk, útsein de kursus Skriuw mar Frysk. Duarte: ‘De Afûk seit dat dy allinnich foar Frysktalige minsken is, dy’t har taal “opfryskje” wolle.’ Sels is se fan betinken dat krekt dy kursus har noch helpe kin by de lêste stap. ‘Dy is noch dreger. Dan leare je de regels goed. Bygelyks as ik in i/y/ii skriuw, moat ik altyd noch sjen: is it hjir in iepen of in sluten lettergreep, want ik haw dat net leard. Ik moat it altyd opsykje.’

 

‘De Fryske ynstellingen en organisaasjes ha bêst lang nêst elkoar en soms sels tsjin elkoar wurke. Mar it is no in oare tiid en der binne nije kânsen’

 

Nije wurden yn in taal pikt se maklik op. Nêst de oanlis dy’t se foar taallearen hat, is se ek flot fan ’e tried. Mei in protte Fryske kollega’s praat se fan it begjin ôf oan Frysk. Mei har freon, Tsjerk Bottema, wurksum by de provinsje, praat se Nederlânsk. ‘Dat wol ek net mear oars.’

‘It is foar my wol in soarte hobby’, seit Duarte dêroer. ‘Sa’t oare minsken hurddrave ofsa. Ik fyn talen leare ûntspannend en leuk. Ik hie altyd wol wat mei talen. Ik ha Italiaansk leard doe’t ik yn ferwachting wie fan myn soan. Elke dei seis oeren oefenje.’ Dochs is ek it sosjale kontakt in motivaasje foar har om har wer op in taalkursus te stoarten. ‘Sa sit ik noch hieltyd mei de minsken fan de kursus Frysk yn in appgroep, in oantal docht toaniel ensa. Sa kom ik wer by iepenloftspullen bygelyks.’

As learkrêft Portugeesk en Ingelsk oan bern fan 15 oant 19 jier op de middelbere skoalle ûntduts se watfoar sosjale ymplikaasjes der mei it sprekken, of net sprekken, fan in taal ferbûn wêze kinne, doe’t se in klasse krige mei migrantebern út eartiidske Portugeeske koloanjes, mar ek út Wyt-Ruslân, Poalen, Oekraïne, omdat yntusken de Dútske grins iepengien wie. ‘Se wienen allegear meartalich, mar harren Portugeesk wie net sa goed. Der wienen learlingen by dy’t dêr al in pear kear foar sakke wienen.’

Duarte fûn dat se de bern oars benaderje moast om se te helpen. ‘It binne drege teksten foar dat eksamen, ek ien dy’t heech oplaat is en it Portugeesk as earste taal hat, moat se soms trije kear lêze. Se sitte fol metafoaren, histoaryske referinsjes. De dosinten seinen: it makket net út. Se kinne it it folgjende jier wer besykje en dêrnei wer.’ Dat is gjin didaktyske ynstek, tocht Duarte. ‘Dat bern fan njoggentjin it trije kear besocht hawwe. Dat is wanhoop. Sy seinen: it kurrikulum kinst net feroarje, sy moatte mar feroarje. Ik tocht, nee, wy moatte krekt feroarje, want sy binne bern. Wy binne ferantwurdlik.’

Der moast ek in oare manier wêze, wie har oertsjûging. ‘It wie myn ynstinkt. Ik tocht, as ik allinnich Portugeesk doch, top-down, by teenagers, hormoanen, al dy talen, dat giet net. It probleem wie neffens my ek de hâlding, se tochten: we binne losers.’ Duarte redenearre: sa is it foar de dosint dreech én foar de learlingen, lit ús elkoars talen brûke. ‘Ien fan de memmen hat doe de earste tweintich strofen fan in tekst yn it Russysk oerset. Dat wie hiel leuk.’ Duarte rjochte mei de learlingen, âlders en kollega’s in leech lokaal yn, mei muzyk en boeken yn mear talen. ‘Dat krige in soad oandacht, dat wy nêst it ûnderwiis in plak hienen om te ûntspannen en te learen. De wei wie meartalich, mar it eksamen wie úteinlik allinnich Portugeesk.’ Hast alle learlingen hellen it eksamen yn ienkear. De iennige jonge dy’t dat net slagge, rette it mei wat ekstra simmertraining ek op.

Troch dy yndrukken begûn Duarte har fierder yn de teory oer meartalich ûnderwiis te ferdjipjen. ‘Hoe’t je talen leare op lettere leeftiid.’ Se gie út Portugal wei om yn Hamburch te studearjen. Earst in trijejierrige master. Dêrnei promoasjeûndersyk. ‘Dat die ik oer de taalûntjouwing fan bern fan tsien oant tolve jier dy’t Portugeesk en Dútsk as ynstruksjetaal hienen en Ingelsk en Frânsk as frjemde taal. Dêr wie doe net safolle ûndersyk oer, twatalige minsken dy’t in tredde of fjirde taal leare.’

Se gie foar in oar projekt yn dy tiid lâns op in trijetalige skoalle yn Noard-Dútslân (Deensk, Dútsk en Noard-Frysk). ‘Ik fûn de foarm wol in oplossing (foar de taalûntjouwing fan meartalige bern, red.). Mar alle dosinten seinen dêr ek dat de earste twa talen sterker wienen yn it model. Bern learden net goed Frysk lêzen en skriuwen. Ik tocht: wat soe dan in model wêze dêr’t in minderheidstaal in lykweardige posysje yn hat? Ik koe dat doe net ûndersykje, mar dat wie foar my wol in doel foar de takomst.’

Yn 2012 wurke Duarte, as ûndersiker fan de universiteit fan Hamburch, mei oan in projekt oer meartalichheid dêr’t de Fryske Akademy as Nederlânske partner by belutsen wie. Trije jier letter ferhuze se nei Nederlân, dêr’t se yntusken trije dagen wurk krigen hie as dosint Minorities and Multilingualism oan de Rijksuniversiteit yn Grins. ‘Ik reizge hieltyd hinne en wer. Nei seis moanne wie ik dêr klear mei. Ik woe al dat myn soan it skoaljier noch ôfmakke. Yn de simmer binne we ferhuze.’

Har soan kaam yn groep fiif, sûnder dat er Frysk, Ingelsk of Nederlânsk spruts (wol Dútsk en Portugeesk). ‘Hy wie al acht, dat wie wol spannend. Yn de earste wike sei er: “Ik ferstean hielendal neat.” Nei twa wiken wie it oars en nei twa moanne koe er alles ferstean. En no hat er Spaansk. Dat is foar dy net sa dreech, sei ik. By de twadde les sei er yndie: “O, it is Portugeesk, mar dan oars útsprutsen.” Mei ien Germaanske taal en ien Romaanske komst in hiel ein.’

Fan 2017 ôf is Duarte belutsen by in grut projekt yn Fryslân mei fiif trijetalige skoallen. Dat, nêst oare projekten op it mêd fan meartalichheid, hat har in protte nije ideeën oer taalûnderwiis yn in meartalige setting opsmiten, dy’t se meinimt yn hoe’t se har funksje fan lektor brûke en ynfolje wol. ‘Yn Easterbierrum is in trijetalige skoalle dêr’t ek Syryske en Poalske bern yn de klas sitte. Dêr waard de fraach steld: hoe kinst oars mei meartaligens omgean op de basisskoalle mei Frysk, Ingelsk, mar ek migrantetalen? Moatte je it Frysk dan wer falle litte?’

‘Se hawwe dêr in model fûn wêryn’t alle bern in lyts part fan de taal fan de oar leare. Dus de Poalske bern ha gedichten yn it Frysk skreaun. De Frysktalige en Nederlânske bern wienen ek nijsgjirrich nei oare talen en ha in bytsje Arabysk leard. We ha besocht om alle talen deselde posysje te jaan. Mei as ûnderlizzend idee: it is goed om alle talen te learen. As der in nije taal bykomt, skriuwe bern alle sifers op yn dy taal. Dat hawwe wy ek foar it Portugeesk dien en it Dútsk.’

Duarte is posityf oer de oanpak. ‘De dosinten sizze dat de learlingen no mear respekt hawwe foar in oare taal. It makket it learen ek makliker. De hâlding foar it Frysk oer is ek positiver, dat sjogge se ek yn de resultaten werom. By de Cito-toets is der gjin ferskil yn resultaten foar it Nederlânsk. Mar it Frysk is better. De dosinten sizze: it kostet ús gjin ekstra tiid; moatst it natuerlik yntegrearje yn watst al dochst. Se meitsje ûnderskied tusken wat de bern dogge en wat it ûnderwerp is fan wat sysels dogge, en se hâlde har oan it taalbelied. Tiisdei is bygelyks de Fryske dei, se prate dan altyd Frysk. It ûnderwerp fan de les kin mei meartaligens te krijen hawwe, it kin ek in les ierdrykskunde wêze, mar se bliuwe Frysk praten.’

De skoalle docht noch hieltyd folle mear mei Nederlânsk en Frysk as mei oare talen. Dat is it belied en de dosinten behearskje net alle talen. ‘It prinsipe is datst as bern yn dyn taal erkend wurdst. En se sjogge ek: taal is tige wichtich.’ De bern dy’t Arabysk en Poalsk prate, krije sa it gefoel dat harren taal net minder is, stelt Duarte. ‘As se ek yn it Poalsk en Arabysk skriuwe wolle, kinne se boeken fan de biblioteek yn Frjentsjer lêze, thús of yn de klasse. Op in oare skoalle hat in keunstner dy’t út Syrië komt in wike in projekt dien op skoalle. Doe wienen de bern dy’t Arabysk behearsken foar de oare bern ris de oersetters; dy fielden har doe sa wichtich. Op de Fryske dei yn de wike binne de Frysktalige bern de taaleksperts. En in pear Nederlânsktalige bern dogge no mei, want dy binne yntusken sa goed dat se ek yn dat groepke kinne.’

Yn septimber is Duarte begûn as lektor Meertaligheid en Geletterdheid. Har ynauguraasje is takomme jier yn febrewaris. Se wurket ek noch twa dagen op de RuG by de ôfdieling Friese Taal- en Letterkunde.

Duarte folget Alex Riemersma as lektor Fries en Meertaligheid in Onderwijs en Opvoeding en Jan Berenst as lektor Taalgebruik en Leren op, dy’t beiden mei pensjoen gien binne. Harren lektoraten binne gearfoege ta ien nij lektoraat. Duarte stjoert dêryn 35 meiwurkers oan. It nije ‘brede’ lektoraat meartaligens moat op it mêd fan ûnderwiis en projekten mear yn ferbining stean mei de lokaasjes fan NHL Stenden yn Grins en Emmen, dêr’t Duarte sels ek wurke hat en by meartalige projekten mei Dútsk en Drintsk belutsen wie.

Se sjocht foar it lektoraat twa primêre doelen: it ferbetterjen fan it ûnderwiis yn de Fryske taal en it ferbetterjen fan taalûnderwiis yn it algemien yn ynternasjonale sin. It ûnderwiis moat oanslute op wat wichtich is foar bern yn dizze tiid. Sa is se belutsen by in ynternasjonale pilot yn it ramt wêrfan’t learlingen en dosinten in meartalige game ûntwikkelje.

As lektor sil it lykwols har foarnaamste taak bliuwe om derfoar te soargjen dat de ferbiningen tusken ûnderwiis, ûndersyk en de bûtenwrâld hecht binne en wêr’t dat mooglik en nedich is noch lein wurde. ‘De Fryske ynstellingen en organisaasjes ha bêst lang nêst elkoar en soms sels tsjin elkoar wurke. Mar it is no in oare tiid en der binne nije kânsen’, stelt Duarte. Se beneamt dat der no in protte jonge ûndersikers en dosinten binne mei in flink netwurk, dy’t entûsjast binne en in soad mei-inoar gearwurkje. ‘Wy wolle nei de takomst, en foar it Frysk nei in yntegrearre manier dy’t ek dy oare talen dêryn meinimt.’

Riemersma, de earste en ek lêste lektor Fries en Meertaligheid, hat neffens har in protte dien om de ferbining mei oare minderheidstalen yn Europa te sykjen. Se hopet sels ek op sa’n wize in rol te spyljen yn it fersprieden fan de kennis yn Fryslân oer en de projekten dy’t dien wurde mei meartalich ûnderwiis. Fryslân nimt neffens har in foarrinnerposysje yn op dat mêd. ‘In protte lannen binne dwaande mei twataligens, mar dat is foar ús net genôch. Ast achttjin bist, hast hjir al kontakt hân mei Frysk, Nederlânsk, Dútsk, Ingelsk, Frânsk. We krije oeral wei útnûgingen foar artikels en presintaasjes oer ús model foar meartalich ûnderwiis.’

By guon minsken dy’t de ûntwikkelingen by de opliedingen foar Frysk yn it heger ûnderwiis folgje, libbet de soarch dat troch de ferbreding − fan koartsein de klam op it Frysk nei meartaligens − de oandacht foar it Frysk minder wurdt, wit Duarte. Se tinkt dat dy soarch net noadich is. ‘Ik fyn it goed dat minsken har soargen meitsje en dernei freegje, want it Frysk moat net ferdwine.’ Neffens Duarte is it nije lektoraat ek ûnder te ferdielen. ‘Der is ien ûnderdiel dat eins hielendal om it Frysk draait. It Frysk ûnderwiis. En der is ek mear formaasje foar it Frysk. De toetsing fan it Frysk falt dêrûnder, de gearwurking mei Cedin en trijetalige skoallen, it meartalich ûnderwiis op NHL Stenden, ús projekten op skoallen lykas dichtsjen yn it Frysk, begelieding fan promoasjeûndersyk, en ek de gearwurking mei ynstellingen lykas de Afûk.’

Dat stiet net yn ’t paad, stelt Duarte, dat studinten meartaligens, oft se no fan NHL Stenden binne of fan de Rijksuniversiteit Grins komme, goed meielkoar gearwurkje kinne oan projekten. ‘Ofrûne jier hienen we in studinte út Brazilië. Sy koe gjin Nederlânsk en gjin Frysk, mar wol Ingelsk. Se hat doe mei myn Frysktalige studint-assistint trijetalige lessen betocht, samba-lessen yn it Frysk. As studinten gjin Frysk kinne, stjoer ik soms in Frysktalige studint mei foar in projekt op in skoalle. Se kinne allebeide dan de ynformaasje foar de skripsje út harren projekt helje.’

 

 

Dit ynterview stie earder yn ‘de Moanne’ nûmer 5, 2019

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels