Auck Peanstra 1954 – 2016

JAN SCHOTANUS –

Je wisten dat it net mear goed kaam, mar dochs wie it in skok om te hearren dat Auck moandei op skrikkeldei ferstoarn wie. Se wie noch lang net útskreaun, safolle plannen, safolle projekten dy’t trochgiene, it is har allegear by de hannen omt ôf brutsen.

Ik ha yntinsyf ha mei Auck gearwurke yn it skriuwen foar de Fryske taalmetoade Studio F. Mei har achtergrûn as beukerliedster en Tomkeskriuwster wie se de ideale kandidaat om de lessen foar de leechste groepen te betinken en te skriuwen. Mei nijsgjirrige ferhaaltsjes, dy’t ticht by de bernewrâld bleaunen en gedichtsjes en ferskes slagge it har hieltyd wer om de goede toan te fine. Yn it geregelde oerlis wie Auck har oardiel altyd weardefol, basearre op har lange praktykerfaring. Opbouwend kritysk, dat tekene har grûnhâlding.

Dwaan, oan de slach, net te lange teoretyske ferhalen, mar skriuwe, oerlizze, regelje, dingen yn gong sette, dêr lei har krêft.

Ik sjoch noch foar my, hoe’t wy by ús bûten op in grutte tafel de doazen mei cd’s útstalden om 500 eksimplaren fan har harkboek It goud fan de Aboriginals te sortearjen en yn te pakken. Dat Traveliersdieltsje moast nei alle skoallen fan Fryslân ta, tegearre mei it papieren boek en twa wurdboeken fan de Fryske Akademy.

Machtich, sei Auck, produksje meitsje.

In goed jier earder wiene wy úteinsetten mei de rige reisboeken foar bern: De Traveliers. Anny de Jong en ik hiene al erfaring mei it skriuwen yn in groep, Auck wie daliks ree om mei te dwaan, doe’t ik har frege om derby te kommen. En sa stie op in moaie middei de griene tee op it ljochtsje, leine glutenfrije koeken klear en begûn it brainstoarmjen foar de nije rige. Reisboeken moasten it wurde, en Auck hie daliks al in idee om oer Australië en de aboriginals te skriuwen.

Mei-inoar betochten wy de famylje mei de persoanen dy’t it ferhaal drage koene en leinen har eigenskippen min ofte mear fêst. Je kinne as groep mei-inoar wol oan ien boek wurkje, mar it is handiger om de ûnderwerpen te ferdelen en allegearre in diel op jin te nimmen.

Je moatte dan wol iepenstean foar krityk en deroer kinne dat de oare leden fan de skriuwgroep miene, dat je dingen feroarje moatte. Mar sa wiene wy it projekt yngien en it hat noait problemen jûn.

Fansels jout elk in persoanlike kleur oan syn figueren; sa sil de Hidde fan Auck faaks justjes kalmer wêze as dy fan Anny, mar wy holden har karakters binnen de linen.

In Tomke-reis nei Kurasao levere Auck de ynspiraasje foar Kantsjeboard op Kurasao, dêr’t se yn 2012 de Sulveren Spjelde fan de Berneboekesjuery mei wûn.

Ut Berneboekepraat wei, in wurkgroep fan it Skriuwersboun dy’t letter opgien is yn It Fryske Berneboek, hat Auck oan in hiel soad projekten meiwurke. Ien wol ik nei foaren helje: It Krystboek, Stille nacht, wûndernacht.

Auck hat mei de oanstjit jûn om dat gear te stallen. Nei’t earst gjin útjouwer te finen wie dy’t it oandoarde, wie se gau beret om de skouders derûnder te setten en sels mei de organisaasje te rêden. Fan de wurkgroep út waard de redaksje en fûnsewerving opset. Mei’t Auck al in nustje ferhalen en ferskes klear hie, lei der in basis, dy’t mei de bydragen fan in hiele rist skriuwers útboud wurde koe ta in folsleine bondel. Yke Reeder tekene foar de yllustraasjes en sa waard yn novimber 2012 in feestje organisearre yn Easterlittens om it boek mei de skoalbern fan de Earnewjuk te presintearjen. It tekene Auck, dat se fan tefoaren noch tiid fûn om op skoalle in lêzing te jaan en foar te lêzen.

Ik ha mar in pear fasetten fan har skriuwerskip beljochte. Der is folle mear. Se skreau bygelyks de suksesfolle autobiografy Sitebuorren, myn eigen paradys, en makke geregeld gedichten foar it Ferstival. Alle jierren waarden fersen fan har foardroegen troch bern fan it fuortset ûnderwiis. Se wie wer yn it bestjoer fan it Skriuwersboun stapt om It Frysk Berneboek te fertsjintwurdigjen, ensfh., ensfh.

Wat sille in soad minsken har misse.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.