As it sjongen fan de fûgels belunet
Publisearre op 11 mei 2020
ARJAN HUT –
By it ferstjerren fan Bartle Laverman (1948-2020)
Fan Fryske dichters krijt men gauris de yndruk dat de maitiid besongen wurde moat mei rigels en strofen oer fûgels. Skriezen, ljippen, klysters, har lûden en lieten foarmje de ‘soundtrack’ by it maitiidsgefoel fan in soad Fryske wurdskilders. Mar by dichter en skilder Bartle Laverman (1948-2020) leit it der hiel oars hinne, lykas te lêzen is yn Klysterblues út syn bondel Foar elke man in eigen pake (2012).
Laverman beskriuwt yn syn gedichten op nuchtere wize de realiteit sa’t hy dy om him hinne sjocht. It binne gjin drege fersen. Hysels seit “(…) myn poëzij bestiet út hiele deistige gedichten. Ik bring de lêzer net it hegere, ik bedriuw gjin metafysika.” (LC, 9-12-16) Dochs spilet yn syn resintere wurk fantasij in grutte rol en boartet er om mei in stelling fan filosoof David Humes: dichters soene beropsligers (‘liars by profession’) wêze, dy’t besykje om har belidenissen foar wier te sliten.
Yn Klysterblues beklaget in mantsjesklyster him oer de drokte fan beskate rituelen yn de maitiid. Altyd wer itselde. It is in gedicht sa’t de feteraan (publisearjend sûnt 1968) dy faker skriuwt: sûnder drege ferlikings, byldebombast of moaipraterij. ‘Blêh’, stiet der sels, dat is de emoasje dy’t it seizoen opropt. It mantsje moat ‘Jubelje fan ier oant let’, mar it is krekt as beklaget immen him oer it lawaai fan in feest fierderop yn in studinteflat.
De rituelen binne foarsisber. As it wyfke wol, dan komt der in nêst, op har betingsten. En dan pykjes. ‘Domme, lilke jongen’. In grizen, prottelet de dichter, it it wachtsjen op in roppich rôfdier. Op in kat, sa’t dy yn in ferlykber fers fan Anneke Gerbrandy-Posthuma (Túnpetear) letterlik it lêste lûd (‘Mi-mi, mi, miau!’) hat. Mar dêr’t Gerbrandy-Posthuma it werklik oer bisten hat, kin it by Laverman likegoed oer minsken gean. Is de mantsjesklyster in ‘angry old man’ dy’t syn nocht hat fan de jeugd mei har lawaai? Fan nijbounêsten mei har snolkerige, sielleaze interieurs?
Yn in oar, resinter fers, ‘Oan de ein fan de maaitiid’, giet de dichter noch in stap fierder en wurde bern moarns yn in karre ôffierd. ‘Gjin lûd fan fûgels’, notearret Laverman dêrby. Hjir is de stilte fan fûgels krekt net in goed teken. Yn in petear mei ‘de Moanne’ (nr. 5, 2016) seit er oer it ynterpretearjen fan syn wurk: “In fers of in skilderij hat bij mij gjin fêste betsjutting. Kinsty soms ek wol dea laitsje om wat minsken yn in wurk lêze, mar dat heart der bij.”
Klysterblues
elk jier
altyd wer dy maaitiid
altyd dat gedoch:
pronkje foar de wyfkes
jubelje fan ier oant let
en as sy wol
begjint it plakje-sykjen-seuren
it fimeljen
mei tûkjes, fearkes, triedsjes
blêh
it fleanen en it draven
foar mem en
sokke domme lilke jongen
sels ekster griist foarby
altyd wer dy maitiid
kaam de kat mar lâns
(In eardere ferzje fan dit artikel ferskynde yn it Friesch Dagblad)
Kategory
Tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Literatuer,Resinsje
SJOERD BOTTEMA - Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]
Kategory: Literatuer,Poëzij,Ynterview
HENK VAN DER VEER - Poëzij libbet yn Fryslân. Mar hoe stiet it der mei dy poëzij foar? Dêr sprekke dichters (m/f) har yn dizze [...]
Kategory: Literatuer,Resinsje
ERNST BRUINSMA - Yn 1990 ferskynde de roman Possession fan de Britse skriuwster A.S. Byatt. Datselde jier waard it boek bekroand mei de prestigieuze Bookerprize [...]