Angèle

Publisearre op 15 januari 2016

ELSKE KAMPEN – 

Sûnt koart haw ik in nije tas. Lytser as de âlde en dêrom handich foar fyts en trein en mei in formaat dat my oanset ta it lêzen fan de rige ‘âlde pockets út myn boekekast, dy’t krekt yn myn nije taske passe’.

De earste wie De dierenhater fan W.G. van Maanen, de twadde De vervulling fan Jeroen Brouwers en dêrnei lies ik De verborgen bron fan Hella S. Haasse. Fan de fjirde, De dood van Angèle Degroux fan
H. Marsman, in Salamanderpocket út 1959 en opdroegen oan A. Roland Holst, wist ik net dat ik dy hie. Hy foel samar út de boekekast wei yn myn hannen en woe blykber op dat stuit lêzen wurde. Dat kaam grif omdat de auteur in skoftke ta it vitalisme hearde.

 

Ik wol se sa no en dan ûnferwachts noch even tsjinkomme, oproppen troch it boekomslach mei it byld fan in iepensteand hotelkeamersrút yn Parys.

 

Yntusken haw ik it boekje lêzen en kin it werom yn ‘e kast (it smelle rechje no grif foargoed nei de keamer takeard) mar dochs wol ik it noch even yn it sicht hâlde. Wêrom? It ferhaal sit no ommers wol yn myn holle? Lykwols, as ik dat behindige en suterige pocketboekje mei de brún ferkleure siden lizzen sjoch, dan ropt it daliks wer de werklike lêsûnderfining yn my op. De sfear fan de plakken dêr’t ik it lies – in stedsje, in eilân – mingd mei dy fan it ferhaal sels. Grif oars as boppeneamde streaming it bedoelde, draacht it noch de fitaliteit fan dy ûnderfining tusken de moassige siden en sjoch ik daliks wer de haadpersoanen foar my: Charles de Blécourt dy’t mei syn sterk libbensideaal, dat grûne wie op de folsleinens en perfeksje fan en syn langstme nei de Grykske Aldheid, himsels alle kâns op leafde earst foar syn soan en letter foar Angèle ûnmooglik makke.

Sjoch ik dy oare haadpersoan, de joadske Daniel Rutgers mei syn mismakke lichem, dy’t krekt wol de ferfolling fan de leafde fynt omdat it der neffens him om giet dat in minske wêzentlik libbet en mient dat dy wêzentlikheid de ûnfolsleinens krekt al ferneare kin. En kin ik hàr noch even by my hâlde, Angèle, dy’t it net oandoart om Charles te fertrouwen inkeld op grûn fan syn minskwêzen of fanwege de kwetsberens dy’t grif efter syn gesicht ferskûle leit. In gesicht lykas fan moarmer makke, sa’t dat yn myn ferbylding troch de skriuwer oproppen waard, mei de wrede reade mûle as wie dy yn syn antlit fike mei in mes. Ik wol se sa no en dan ûnferwachts noch even tsjinkomme, oproppen troch it boekomslach mei it byld fan in iepensteand hotelkeamersrút yn Parys.

De dood van Angèle Degroux, grif in datearre ferhaal mei in te dramatysk ein mar dat fanwege it tema – hoe werklik kin in mins him oerjaan oan de leafde, wêrfan’t it wêzen krekt yn it ûnfolsleine leit – dochs noch even yn myn eachweid lizzen bliuwe moat.

It plak yn myn tas is lykwols al wer ynnaam en ik hear se dêr súntsjes gnizen, de haadpersoanen út Kasteel Gripsholm fan Kurt Tucholsky, in ferhaal benammen geskikt foar minsken dy’t op dit stuit en sûnder inkele euvelmoed fereale binne.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels