It Alfabet Projekt

Sûnt begjin april dit jier binne 26 keunstners, ûntwerpers en skriuwers dwaande mei it op ’e nij foarmjen fan in letter út it alfabet. Fan moderne dûns oan’t generative typografy. Underwilens binne wy 3 moanne fierder en kriget it nije alfabet hieltyd mear foarm. Fia it online Alfabet-dossier fan de Moanne hâlde de keunsters jo alle dagen op ’e hichte by foarmen fan harren letter, en kinne jo oan ’e hân fan ynterviews, fideo’s en sketsen it ûntstean fan de letters fan tichtby folgje.

 

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.