It Alfabet-projekt
Publisearre op 4 december 2014
Tiid foar in update. It nije Alfabet kriget stadichoan syn foarm. Underwilens hawwe wy fan inkelde Alfabet-keunstners al in definityf einbyld ûntfongen. Sadra’t alle letters klear binne, sil it nije alfabet presintearre wurde op in Moanne-Live eskposysje. Dêrneist binne wy fan doel om it nije Alfabet ôf te printsjen yn de papieren útjefte fan de Moanne.
Wy hoopje ynkoarten ek de lêste digitale ynstjoerings foar it Alfabet-projekt op ús webside te presintearjen. Underwilens wurkje wy achter de skermen hurd oan it finen fan in geskikte eksposysjeromte. Yn it dossier ‘Alfabet Projekt’ binne alle ynterviews, fideo’s, sketsen en oare bydragen dy’t oant no ta dien binne, werom te finen. Oant gau!
Kategory
Tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Alfabet
It Alfabet-projekt jout keunstners en oare kreativen de mooglikheid om in letter te selektearjen en dêr in eigen foarm oan te jaan. Sa moat in [...]
Kategory: Alfabet
Ofrûne sneon 1 maart sluet de ynstjoering foar it Alfabet-projekt fan de Moanne. Mear as santich keunstners, skriuwers, foarmjouwers en oare kreativen stjoerden in plan [...]
Kategory: Alfabet
De sjuery is der út! Alle ynstjoerings foar it Alfabet-projekt binne besjoen en trochpraat. De sjuery wie ûnder de yndruk fan it nivo en de [...]