Alderdomstriennen

Publisearre op 28 mei 2015

KAREN BIES – 

Sir Edmund, de wittenskipsbylage fan de Volkskrant, hie sneon in ynterview mei Ad Vingerhoets, professor ‘emoties en welbevinden’ oan de Universiteit fan Tilburg. As ‘huilhoogleraar’ bestudearret hy it gûlen, skriemen, janken, de biggeljende triennen fan fertriet. Of eins machteleazens, want dat is neffens him de kearn. Bern gûle as se pine hawwe, of om oandacht. Froulju gûle makliker as manlju, omdat testosteron in drompel is foar triennen. Yn waarmere lannen wurdt minder gûld as yn in kâlder klimaat as hjir of bygelyks Skandinavië, wylst ik tocht dat yn it suden de minsken emosjoneler binne. Miskien wol, mar dêr leit ek in grutter taboe op gûlen en der jilde mear sosjale regels.

 

Kees de jongen, en dat syn heit him fêstpakt en ‘m hyltyd yn it hier tutet. Amandelbloesem fan Vincent van Gogh. In jong stel mei in bakfyts by Ikea. In koar dat Fries om utens sjongt en dan foaral it stikje: ‘Fryslân, do ropst my, ja ik wol nei hûs.’ De KWF-reklame. Alde slofkes. Troch de beammen hinne de sinne yn myn hûs.

 

De moaiste ûntdekking dy’t Vingerhoets dien hie, fûn ik de ‘âlderdomstriennen’. Hoe âlder at jo wurde, hoe makliker de triennen komme. Ek by manlju, omdat it testosteron ôfnimt. Mar der is noch wat oars. Neffens Vingerhoets rekkest op in bepaalde leeftyd genetysk mear ferankere yn de maatskippij, ek troch it krijen fan bern en bernsbern. Fielst dy belutsen by maatskiplike drama’s yn de wrâld, lykas fleanrampen en boatflechtelingen. Omdat it ek dyn wrâld is en dy fan dyn bern. Vingerhoets mient dat by morele saken de emoasje earst komt en dêrnei pas it neitinken. It is in foarm fan yntuysje: hjir ha wy it ferstân blykber net nedich. It fertriet om in oar is it fertriet om ússels.

Alderdomstriennen, troch in wittenskipper ferklearre. Ik haw altyd tocht dat it mankelikens is, dy’t gewoan mei de jierren komt. Ik bin sa weak as in moksel, ik reitsje al oandien troch hiele simpele dingen. Gjin morele saken of maatskiplike drama’s, der hoecht mar dít te gebeuren of ik sjit al fol. De fanfare dy’t spilet yn it doarp. Kramer vs. Kramer, al haw ik dy gelokkich al hiel lang net mear sjoen. Parijs fan Kenny B. Knielen op een bed violen, as Hans deagiet en dat syn frou der net by wêze mei. De ankels fan myn bern yn in te koarte lange broek. The Sound of Music. Blaumieskes dy’t har út ‘e naad fleane mei rûpen, en dat der dan alve jongen út it hokje komme. Imagine fan John Lennon. It knopedoaske fan beppe. As Alyda Norbruis wint of Epke Zonderland. Kees de jongen, en dat syn heit him fêstpakt en ‘m hyltyd yn it hier tutet. Amandelbloesem fan Vincent van Gogh. In jong stel mei in bakfyts by Ikea. In koar dat Fries om utens sjongt en dan foaral it stikje: ‘Fryslân, do ropst my, ja ik wol nei hûs.’ De KWF-reklame. Alde slofkes. Troch de beammen hinne de sinne yn myn hûs. In man mei in bern foarop ‘e fyts. Brekken Jan Schampschot. Bûterblommen. Remco Campert. Myn soan dy’t in mop fertelt. Myn dochter, nei’t ik har ôfset ha by de Krúswei yn Mearum. Wapperjende wask oan ‘e line by in pleats. In deade fûgel. In leave bussjauffeur dy’t pas begjint te riden as elkenien sit. Dûnsje op Status Quo. Foar de radio in âld Frysk ferske hearre as Ynskje op ‘e baan, of Hop mar myn swarte, en tinke oan ús mem dy’t op it toaniel stie. De Hynstewerp yn ‘e Terkaplesterpoel. In foto fan in jierrentachtichfamke yn túnbroek. It komt eins allegear op itselde del: it besef dat alles foarby giet en niks foar ivich is.

Myn soan hie dat mankelike al betiid. Hy wie in jier as acht doe’t wy foar in âlde film sieten fan him as poppe. By it sjen fan himsels yn in wipstuoltsje moast er laitsje. Mar jûns kaam er gûlend fan bêd: ‘Ik wil niet groot worden! Ik wou zo graag weer een kleine baby zijn!’ En dêrfan krige ík fansels wer de triennen yn de eagen.

It meast opmerklike ferskil, seit Vingerhoets, sit by froulju. Hoe mear emansipearre, hoe mear at se gûle. Miskien is it de frijheid om dysels emosjoneel te uterjen.

Gjin jankfodde, gjin weake moksel, mar in emansipearre frou. In hiele gerêststelling.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]