Aldatsa

HENK WOLF – 

Lêsten woe ik de ûndersteande sin opskriuwe. Ik twivele oer de stavering fan ‘aldatsa’. Moasten dêr ek spaasjes yn? Dat, it wurdboek derby. Dat holp my lykwols net. Ik koe it wurd der net yn fine, yn net ien stavering dy’t ik betinke koe. Op taalweb.frl wie myn sykjen ek om ‘e nocht. Itselde ferhaal mei de taaldatabank fan de Fryske Akademy.

 

“Wilens ha wy in stikmannich besjoen en alle huzekeapersfrustraasjes meimakke: te djoer, slim fertutearze, rare buorlju, al ferkocht – aldatsa.”

 

Ik frege my doe ôf oft it in heel persoanlik wurd wie, dat oaren net brûkten. Wie it wol Frysk? Ik frege it op Facebook en it die bliken dat der genôch minsken wienen dy’t it wurd wol koenen, mar altyd fan oaren, sels brûkten se it net. Al nuver dat it blykber net of amper of papier set is. Is it te nij of just te âld, te gewoan of te ûngewoan?

De wurdboeken jouwe al ‘en al sa’ en ‘en al soks’, mei as Nederlânske oersetting ‘enzovoort’. Mooglik is ‘en aldatsa’ in fariant, mar miskien grieme wy dy’t ‘en aldatsa’ kinne, ek wol taaleigen trochinoar, bygelyks ‘en al sa’ en ‘dat sa!’.

‘Aldatsa’ kin ik yn alle gefallen brûke om in rige ôf te sluten mei it boadskip dat dy rige eins noch langer kinnen hie. De betsjutting sit ticht by dy fan ‘ensafuorthinne’, ‘en sokke dingen mear’, ‘folle net genôch’ en by dy fan it Nederlânsk ‘noem maar op’, ‘en wat dies meer zij’. It kin foarkomme mei ‘en’ derfoar, mar ek sûnder. ‘Enzovoort’

In pear foarbylden fan it gebrûk fan ‘aldatsa’, dy’t oaren ek gewoan fûnen:

 

– Moard is doch wat oars as stellerij, slaanderij en aldatsa.

– It healsliten guod hie de ferwachte mankeminten: skurf, stikken, achter de moade – aldatsa.

 

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.