Kast

Publisearre op 26 april 2014

KAREN BIES – 

Op keningsdei, de dei dat elk syn bern mei âlde rotsoai en in kleedsje oan de dyk set yn de hoop der in tsientsje oan te fertsjinjen, ferkocht ik myn boekekast.

Net op strjitte, mar op ynternet. Ik woe ‘m kwyt want hy wie sa grut en naam tefolle ljocht wei, tocht ik. De sinne bleau altyd yn dy kast hingjen, myn boeken waarden der skier fan. Mar ik hie der tsjin oan skytskoarre om ‘m fuort te dwaan. Hy wie nammentlik timmere troch myn sweager. Op maat, yn de tiid fan grutte lûdsynstallaasjes mei metershege boksen en in djippe, net te tillen byldbuistelevysje. Fierders wie de kast foltroppe mei boeken en cd’s, sa as ik yn de advertinsje sette: van Aafjes tot Zwagerman, van Abba tot ZZ-top.

Hy waard gau ferkocht en op saterdei soene se him ophelje. De boeken gongen nei souder. Noch efkes mocht de âlde byldbuis yn de kast stean. Neffens ús bern binne wy de lêsten yn Nederlân mei sa’n televysje. Mar sneuer noch fyn ik, is sa’n djoere ultra HD-TV keapje en dan nei Geer en Goor sitten gean te sjen. Of nei de besite fan de keninklike heechheden oan it treasteleaze Amstelveen.

Keningsdei. Wat in pedanterige ûnsin om keninginnedei ôf te skaffen! Beatrix fierde har jierdei gewoan op 30 april, de jierdei fan har mem. Se seach harsels op 31 jannewaris al ûnderútgean yn de snie by de âldhollânske spultsjes. Ferstannich minske. Hie Willem de 30e april ek mar gewoan yn eare holden. Mar hy is in man. Hy woe en soe in keningsdei, want it folk moat witte dat hy kening is. Tinkt Willem wol oan syn dochter Amalia, as sy skielk keninginne wurdt? Sy is berne op 7 desimber, twa dagen nei Sinteklaas! Wa stjoert syn bern dan mei boartersguod en in tafelkleed de kjeld yn? Sy sil wizer wêze. En miskien wy ek wol, tsjin dy tiid.

De jûns kamen de keapers, mei in grutte karre achter de auto. Twa man sterk diene se de klompen by de doar út, troppen it sjekpûdsje yn ’e bûse en tôgen de boekekast myn hûs út. Swijend bûnen se him fêst op de karre en rieden werom nei de Harkema. Oeral hongen de flagen noch út. Yn ús hûs wie it ljocht en leech. Ik bin ûnwennich fan myn kast. En fan keninginnedei.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]