Herfst in Schoorl

Publisearre op 4 april 2014

EELCO VENEMA – 

It is de titel dy’t my pakt. In wrâld oan oantinkens jagen my troch de holle doe’t ik oan Schoorl tocht. Mei de Datsun oer de Ofslútdyk, in stik bôle mei tsiis ite by it monumint. It sicht op de Noardseedunen yn de fierte, swimme mei de sâlte see op dyn lippen, kûlen grave op it strân, de Klimduin, pankoeken ite en yn sliep falle op ‘e weromreis. Koartwei, in moaie simmerdei.

No kin ik dizze bylden samar oproppe. Mar wat no as dizze bylden ien foar ien ferdwine en datst der neat oan dwaan kinst. In fotoalbum wêrfan’t ien foar ien de foto’s yn in dize ferdwine. Alzheimer is in ferskriklike sykte. De pine fan it ferlies fan it ferstân en de oantinkens is op syn minst like swier as de fysike pine.

‘Herfst in Schoorl’ is in foarstelling fan de Haarlemse theatergroep Het Volk. Het Volk hat in lytse kearn fan minsken, trije fêste akteurs en ien regisseur, dy’t al 35 jier, bysûndere stikken op ‘e planken bringe.

Yn dizze foarstelling sjogge we de hear en mefrou Van Beem. Al 40 jier komme se yn de hjerst yn itselde fakânsjehúske yn Schoorl. Botte aventoerlik is it stel noait west. Se binne trou oan de gewoante. Herman van Beem hat sûnt syn pinsjoen lêst fan stimmingswikselingen en is faak yn ’e war. ‘En it wie altyd al sa’n drege man’, seit Paulien van Beem.

Dêr’t in tema as Alzheimer fansels in soad tragyk mei him meibringt, kinne wy Het Volk der blyn op fertrouwe dat de swiere tematyk mei de nedige humor brocht wurdt. ‘Herfst in Schoorl’ wie koartlyn te sjen op it Hearrenfean en sil op 10 april te bewonderjen wêze yn de Lawei yn Drachten.

 

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Opiny,Teater

    HANS BRANS - Een festival van twaalf dagen om een nieuw artistiek leider welkom te heten - dat is een opmerkelijke, nooit eerder vertoonde openingszet. [...]

  • MARITA DE JONG  - Akteur Freark Smink is yn 1948 berne yn Sondel. Hy hat 15 jier as akteur ferbûn west oan it toanielselskip Tryater. [...]

  • Kategory: Resinsje,Teater

    SOPHIE TEKELENBURG - ------------------------------------------------------------------------------------------------------------ Van: Sophie Tekelenburg Aan: redactie de Moanne Datum: 28 april 2004 Onderwerp: “Yerma” van Tryater ------------------------------------------------------------------------------------------------------------- Beste redactie, Yerma, van de [...]