NNT – Hamlet, 13 april

Publisearre op 6 april 2012

Foto: Reyer Boxem

In prachtich stik, sûnder twivel. Dat witst eins al foardatst der oan begjinst. ‘Stik spilet himsels’, dat soarte fan kreten. Mar sa ienfâldich is toaniel noait. Eltse kear moatst as regisseur of spiler de striid wer oangean. Yn it ferhaal dûke, yn dat personaazje krûpe. Mar ik moat tajaan, moaiere rollen as Hamlet binne der net in protte.

It wie myn earste ûnderfining mei it profesjoneel teater. As taskôger dan. It wie Tryaters’ fersy fan Hamlet, Frysktalich fansels. Yn it pleatslike doarpshûs.

No moat ik earlik bekenne: fan it ferhaal begriep ik lang net alles, mar yndruk makke it seker. Ik wie 15, heechút 16. It wie de tiid fan de grungemuzyk. In protte tiid stuts ik yn it harkjen nei cd’s fan Nirvana en Pearl Jam. Leafst sa lûd mooglik.

Wat die no bliken: Hamlet waard delset as in Kurt Cobain; in man fan ús tiid; in net-begrepen adolessint mei in walkman op ‘e kop en skyt oan alles. Tsja, of it no in goeie foarstelling wie of net: myn konklúzje wie dúdlik: Hamlet harke nei deselde muzyk as ik, dat Hamlet wie OK. Hamlet wie cool! En dêrmei teater dus ek. Sa magysk kin it dus wurkje yn de holle fan in bern of in jongere.

As makker meist dat noait ferjitte.

Hokker kar oft it NNT ek makket, Hamlet sil foar my altyd cool bliuwe. Fierder spilet it stik himsels.

Eelco Venema

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Opiny,Teater

    HANS BRANS - Een festival van twaalf dagen om een nieuw artistiek leider welkom te heten - dat is een opmerkelijke, nooit eerder vertoonde openingszet. [...]

  • MARITA DE JONG  - Akteur Freark Smink is yn 1948 berne yn Sondel. Hy hat 15 jier as akteur ferbûn west oan it toanielselskip Tryater. [...]

  • Kategory: Resinsje,Teater

    SOPHIE TEKELENBURG - ------------------------------------------------------------------------------------------------------------ Van: Sophie Tekelenburg Aan: redactie de Moanne Datum: 28 april 2004 Onderwerp: “Yerma” van Tryater ------------------------------------------------------------------------------------------------------------- Beste redactie, Yerma, van de [...]