Vim

Publisearre op 22 juli 2020

KAREN BIES – 

Yn 2035 ferwachtet Grins in kwart miljoen ynwenners te hawwen, lês ik yn it Dagblad van het Noorden. Hjoed bringe M. en ik ús dochter derhinne. De fyts achter op ’e auto, dy’t fierder fol sit mei klean, servys, bêdeguod, ferve en de boarmasine. Myn hert is fol dochter. Wêr binne dy achttjin jier bleaun?

Har keamer is trije by trijenheal. Der past krekt in bêd yn, in tafel en in stoel. Mei ús derby liket it noch lytser. Wy meie net te lang bliuwe, seit se. Allinnich helpe de muorren te fervjen en wat skroeven deryn draaie asjeblyft.

Se giet nei de fytsemakker om in kettingslot. Ik besjoch de keuken. Boppe it gasstel hinget spinreach, op ’e wazemkap sitte twa buskes sâlt, in pot huning, in pot ‘gehaktkruiden’ en fiif fleskes piper fêstplakt. Yn it keukenkastje fyn ik jiskepûden, de lege ferpakking fan in brânmelder en in bus Vim. Op ien of oare manier stelt my dat gerêst.

It oare keukenkastje kin net iepen, want dêr stiet de kuolkast foar. Ik set it bakje rys mei kerry foar jûn deryn. Neist in pak molke, in wike oer datum, en trije potten mayonêze. Oars as thús krij ik ynienen in enoarme driuw om in amer hyt sjipsop te meitsjen. Mar myn dochter sil dat net goed fine. Iksels ek net.

Tsjin M., dy’t har keamer oan it fervjen is, sis ik: ‘Wat is it hjir fiis.’ ‘Ssst’, seit M., want der wenje noch fjouwer famkes yn dit hûs. ‘Dat hoort zo. Bovendien, de medische faculteit is hier vlakbij. Dus het komt allemaal goed.’

Ik lis in net mandaryntsjes yn har finsterbank, triuw de balkondoar iepen en rûs de hichte nei it platte dak. Dat moat kinne. En as se dan fia dy appelbeam en de kliko fan de buorlju oer de skutting klimt.

Op ’e oerloop stroffelje ik oer de mienskiplike stofsûger. ‘Sil ik oars even stofsûgje?’ freegje ik. Ik triuw de stekker yn it mienskiplike stopkontakt en begjin. Hy makket in soad leven en hy stjonkt. M. seit: ‘Die zak is sinds 1997 niet vervangen.’ Mar as ik it âlde griene ding iepenmeitsje, sit der hielendal gjin pûde yn. Alle troep is de keamer yn blaasd. ‘En bedankt’, seit M. mei de ferverôler.

Dan mar nei de wc. It korveeroaster hinget op ’e doar, mei fiif nammen. Straks ek mei hár namme. Ik sjoch nei it brún-útsleine waskbakje neist my en tink: Vim.

 

Dizze bydrage stie earder yn ‘de Moanne’ nûmer 1, 2020

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]