Achter glês

Publisearre op 5 juli 2020

JACOB BOUWHUIS – 

 

Myn pakesizzers steane

foar de ruten

se roppe bikkelhurd

de net neikommen beloftes

dy’t ik no net wiermeitsje kin.

Se fiele as spjeldeprikken

yn myn betrinne liif.

It libben is yn twaen spotten

mei in rút as grins.

Pake kin net

mei net

wa wit

miskien nije wike.

Ik glimkje as in folleard akteur

en swaei se fuort

mei beide earmen

achter de barriêre fan glês.

 

 

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels