Ek hjir

Publisearre op 10 juli 2020

KAREN BIES – 

Nei de Black Lives Matter-demonstraasje yn Ljouwert die Marleen Nagtegaal (Explore the North, City of Literature) in oprop foar in Sinteklazefeest sûnder Swarte Pyt. Dy waard ûndertekene troch hûnderten minsken. Yn har brief skreau Marleen: ‘Hoewel de media anders doen vermoeden, wonen in Friesland veel mensen die een vuist willen maken tegen racisme.’

Ik bin it iens mei de oprop en set myn namme derûnder. Dochs bleau dy lêste opmerking my dwerssitten. Net omdat de media no wér earne de skuld fan krije. Nee, omdat Marleen gelyk hat: yn de Fryske media giet it faker oer de stipe oan Swarte Pyt, as oer rasisme.

 

Ek hjir. Rasisme. Wat ûnderfine minsken yn Fryslân dêrfan? Wat hawwe se sels meimakke? Hoe hat dat field?

 

De demonstraasjes nei de dea fan George Floyd giene oer it rasisme dat minsken yn Nederlân meimeitsje, wêrûnder it ferskynsel Swarte Pyt. Mar wat dogge de Fryske media? Alle kearen as der earne besluten wurdt om op te hâlden mei de roetswarte piten – by it Sinterklaasjournaal, of by de yntocht fan Grins – of as Habtamu de Hoop dêrta opropt –  dan belje wy it Sinteklazekomitee fan Ljouwert: ‘Wat dogge jim mei Swarte Pyt?’ Of wy hâlde in enkête ûnder de befolking: ‘Wat fine jim fan Swarte Pyt?’ Oant no ta is faak it antwurd, en dus ek de kop: ‘Swarte Pyt moat ‘gewoan’ swart bliuwe’. Wurdt sa’n fraach op Facebook steld, dan giet it hielendal los. Minsken roppe skamteleas, sûnder ferstân of begryp, de grofste dingen.

Wat my yn ‘e wei sit, is de rol dy’t de media hjiryn spylje. It liket sa objektyf: minsken freegje wat se fan Swarte Pyt fine. Do kinst ommers ferskillende antwurden krije. Mar it probleem is: hyltyd wér Swarte Pyt agendearje, witte wat je dêrmei oproppe en dat bewust publisearje. Opskriuwe dat ‘Swarte Pyt ‘gewoan’ swart bliuwe moat’, is net objektyf of neutraal. De keuze foar in ûnderwerp, agenda-setting, hat ynfloed op it publyk en wat der yn de maatskippij bart.

Wat as de Fryske media no ris nét Swarte Pyt as ûnderwerp nimme, mar rasisme? By de EO hawwe se in programma: #ookhier, dêr’t minsken fertelle oer deistich rasisme.

Ek hjir. Rasisme. Wat ûnderfine minsken yn Fryslân dêrfan? Wat hawwe se sels meimakke? Hoe hat dat field? Ast dat opskriuwst, of fertelst op radio en TV, dán litst alle stimmen hearre. Dan krijst mear begryp foar elkoar. Dan kinst ris ophâlde mei dy âlde gewoante: de haadrol te jaan oan minsken dy’t noait witten hawwe hoe’t it fielt om útskolden te wurden foar Swarte Pyt.

 

 

Dizze kollum stiet ek yn ‘de Moanne’ nûmer 3, 2020

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]