Nûmer 3

Publisearre op 26 juni 2019

Dizze spesjale útjefte fan Tresoar, dy’t ek útkomt as nûmer 3 fan kultureel tydskrift ‘de Moanne’, ferskynt by de tentoanstelling ‘Underweis – de reis fan it linnen’, nei in idee fan Hennie Dijk – Stel. Alle abonnees fan ‘de Moanne’ krije dizze special tastjoerd mei ‘de Moanne’ nûmer 4.

 

Underweis – De reis fan it linnen
Fan 29 juny o/m 10 augustus is yn de eksposysjeromte fan Tresoar de útstalling ‘Onderweg’ te sjen, mei keunstwurken op histoaryske linnen doeken.

Fan Noard-Dútslân út reizgen yn de 18e, 19e en 20e iuw de saneamde ‘Hollandgangers’ nei Noard-Nederlân. Dizze ‘hannekemaaiers’ wurken yn de simmer as seizoenarbeiders yn de lânbou. Sy hiene as hannelswaar rollen tekstyl by harren, dêrom waarden sy yn it Frysk ‘lapkepoepen’ neamd.

Yn 2012 kocht Hennie Dijk-Stel in âlde rol linnen yn it Stadtmuseum yn Quakenbrück. De rol stof waard yn stikken knipt en útdield oan keunstners dy’t oan de rûte wennen dy’t de ‘Hollandgangers’ ea rûnen. De opdracht oan dy keunstners wie: bewurkje de lape op dyn eigen wize. Lit dy ynspirearje troch ferhalen oer ‘Hollandgangers’, oer duorsum linnen of de ekonomyske flechtlingen fan no. Jou – lykas yn de eardere iuwen gebrûklik wie – it ferhaal troch, sûnder sosjale media. Besjoch wat dy keunstwurken teweibringe. Underfyn de reis fan it linnen. It resultaat: ienentweintich folslein ferskillende keunstwurken. Se binne te sjen yn de eksposysjeromte fan Tresoar fan 29 juny o/m 10 augustus. By de útstalling wurde ferskate aktiviteiten organisearre.

De eksposearjende keunstners binne: Gerhild van Rooij, Nynke Runia, Rieneke Gollnau – van Kalker, Agnes Hakkenberg van Gaasbeek, Hannah Elisabeth Walstra, Petra van Kalker, Elbrich Wind – Wartena, Elke Schmitz, Geke Beenen-de Bos, Pim W.J. Sissing, Jet Rotmans, Geertje van der Zijpp, Sebastiaan Haykens, Johanna Lups, Irma Frijlink, Oksana Heitmann, Beate Kliche, Maria Stratmann, Rainer Englisch, Hennie Dijk-Stel en Dagmar Schwager.

De tentoanstelling is iepen fan moandei o/m snein fan 11:00-17:00 oere. De tagong is fergees.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Papier

    De lêzende mins, Atsje Straatsma Redaksjoneel, Stilte foar de stoarm Dirk van Ginkel, MediaLab. Tegengas en wandelzand Portfolio, Eveline van der Pas Elske Schotanus, Jorwert. [...]

  • Kategory: Papier

    De lêzende mins, Marijke Koetsier/Studio Smik Redaksjoneel – Subjektive atlas fan Fryslân Abe de Vries, Theunis Piersma: ‘De wrâld, dêr fielst dy ferantwurdlik foar’ Peter [...]

  • Kategory: Papier

    De lêzende mins, Anna Sikkes Redaksjoneel, De nije Moanne Dirk van Ginkel, Iedereen moet weten dat ‘Grond’ bestaat Bart Kingma, Novimber Karen Bies, Luzen Pier [...]