Priiswinnende thriller-auteur Erik Betten presintearret De Prijs

Publisearre op 14 juni 2019

ARJAN HUT –

Ferline jier brocht Erik Betten (43, út Dronryp) syn thrillerdebút Quarantaine út, ein maaie wûn er dêr de Schaduwprijs foar en sneon siet er yn boekhannel Van der Velde om syn twadde titel te presintearjen. Dat dy De Prijs hjit is kleare tafal. “Met de schaduwprijs ben ik heel blij. Het is een debutantenprijs, dus je kunt hem maar één keer winnen. Maar een beetje druk voelde ik wel, omdat ik nu een boek met de titel De Prijs uitbreng.”

 

It nije boek is bysûnder aktueel. “Lees hem dus nu, over drie jaar is alles in het echt gebeurd.”

 

Betten ken ik as polityk ferslachjouwer fan it Friesch Dagblad. De regionale polityk spile in rol yn syn earste boek, en benammen de ferhâlding tusken it Noarden en Den Haach. Fierder skaaide it ek de horrorkant út, al laket de auteur dat soks “eigelijk een ongelukje” wie. De Prijs spilet him ôf yn de gamewrâld. “Onze afhankelijkheid van mobieltjes, dat was eigenlijk het vertrekpunt.”

Bûten raast de iene nei de oare bui oer de stêd. It trommeljen fan de rein op it dak fan de boekhannel oerstimt it barren op it poadium suver, al ha Betten en syn ynterviewer mikrofoans. Njonken harren sit ek in gebeartetolk. It is drok yn de winkel, de skriuwer lûkt in bulte folk. Ronnie Terpstra sleept ekstra stuollen oan, sadat elkenien sitte kin. De toiletten en de berneboekehoeke binne dêrtroch suver ôfsletten.

Yn De Prijs betinkt game-ûntwerper Wander Reeker it spul PrizeTag, dêr’t minsken net op Pokémon, mar op mekoar jeie kinne. As de dizenige organisaasje Sixtus der mei oan de haal giet, rint it út de klauwen. Betten freget wa’t in mobyltsje mei hat, oft dy oanstiet, oft dy online is? En stiet de mikrofoan oan? En de kamera? In soad stekke de hân op. Mear hannen as wannear’t er freget wa’t Quarantaine lêzen hat, al binne dy der ek genôch.

Tim Laning fan Grendel Games hat it manuskript neilêzen en op guon details de terminology oanpast. “Zodat gamemakers denken van: zo, die jongen heeft zijn huiswerk gemaakt!” Betten fertelt iepen en earlik oer it skriuwproses en hoe’t er it plot útwurke hat, wa en wat him holp. “Eerst moet je je verhaal schrijven en desnoods laat je plekken open met de aantekening ‘hier moet iets heel technisch komen te staan’.” Oan de ein fan it ynterview hellet er in tal minsken nei foaren en set se yn it sprekwurdlike sintsje. Hy jout se titels as Voorproever, Plotbewaker, Gangmaker, Karakterkraker en Eerste Meemaker.

It nije boek is bysûnder aktueel. Sa komt der yn De Prijs een heechlearaar foar dy’t in grutte linkse beweging opsette wol, mar botst mei de linkse polityk. En de polysje lansearret in app dy’t it foar de boarger mooglik makket om mei te helpen by in ûndersyk. “Lees hem dus nu, over drie jaar is alles in het echt gebeurd.”

Immen út it publyk wol witte wêrom’t it boek him yn Rotterdam ôfspilet. Dat is omdat Betten it skreaun hat yn de stjoerkabine fan in Rotterdamske wenboat. Quarantaine en De Prijs binne los fan mekoar te lêzen, mar spylje him yn itselde universum ôf. Personaazjes út it iene boek kinne yn it oare weromkomme. “Dat vind ik leuk”, hint Betten, “misschien zit er in De Prijs wel een personage waar nog een boek in zit.”

Sa komt it praat op boek trije. Yn de trein ûnderweis nei in radioynterview is al in begjintsje makke. “Vier uur in de trein, voor tien minuten radio. Dan kun je ver komen met de opzet voor een nieuw boek.”

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels