Gebeure
Publisearre op 6 mei 2019
HENK WOLF –
Wa’t yn moderne wurdboeken of learboeken sjocht, krijt mei dat der wat mis wêze soe mei it wurd ‘gebeure’. Dat soe in hollandisme wêze. In geef-Fryske alternatyf wie dan ‘barre’.
Mar is dat wol sa? Ik ha it ris neisocht en ‘gebeure’ komt om 1500 hinne al foar yn it Frysk, dan noch as ‘gebeura’. Dat is op in rantsje fan ‘e midsieuwen. It is grif in lienwurd út it Hollânsk, mar wol in stokâld lienwurd.
‘Gebeure’ hat yn it Frysk dus âldere brieven as ‘barre’ en ‘berre’.
Der is wol in âlder wurd mei deselde betsjutting: ‘skian’. Dat wurd is besibbe oan it Nederlânske ‘geschieden’ en it Dútske ‘geschehen’. It is as los wurd útstoarn, mar it komt noch wol foar yn it wurd ‘miskien’, dat ûntstien is út ‘mei skian’ (‘kin gebeure’).
‘Barre’ en de fariant ‘berre’ komme yn it midsieuske Frysk ek foar, mar net yn de betsjutting ‘gebeure’. De oarspronklike betsjutting derfan is ‘drage’. It is dan ek besibbe oan it Ingelske ’to bear’, dat dyselde betsjutting no noch hat. It wurd ‘bier’ foar ‘planke om wat op te dragen’ hat itselde komôf. It Nederlânske ‘draagbaar’ foar sa’n planke is dan ek dûbelop.
‘Barre’ en ‘berre’ ha de betsjutting ‘gebeure’ pas folle letter krigen. De âldste teksten dêr’t ik se mei dy betsjutting yn fine kin, binne dy fan Gysbert Japiks út 1666. ‘Gebeure’ hat yn it Frysk dus âldere brieven as ‘barre’ en ‘berre’. Oft dy wurden überhaupt oait algemiene sprektaal west ha, is net mear nei te gean. It is net út te sluten dat it altyd foaral skriuwtaalwurden west ha.
Kategory
Tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Dossier,Frysk yn it ûnderwiis,Taal,Ynterview
WYBRICH BAKKER - It Frysk is ferplichte op de basisskoalle, mar eltse skoalle docht syn eigen sin by de ynfolling fan it fak. In oerke [...]
MARITA DE JONG - Ald-rjochter Rienk Wegener Sleeswijk fielt him Frysk yn ieren en sinen. Dochs praat er de taal net. Hy fynt dat dêr [...]