Fan

Publisearre op 25 december 2018

KAREN BIES –

Wy wiene fierstente betiid. In oere foardat it sinjearjen begjinne soe, stiene M. en ik al mei trije eksimplaren fan ‘Sterk Verdund’ yn de boekhannel. Dan mar earst nei it kafee? Mar dêr kaam Kees van Kooten al fanút de rein de winkel yn. Even letter siet hy, ek rom op tiid dus, mei kofje en sûkelaatsjes achter in steapel blauwe ‘gedundrukte’ boekjes.

 

‘Anders vraag je of hij je agenda ook wil signeren’, sei M.

 

M. stapte der op ôf. ‘Goedenmiddag meneer van Kooten, bent u al in functie?’, frege hy. ‘Ja hoor!’, sei Kees fleurich. Ik pakte der in stoel by en wy krigen in hân. Kees van Kooten fertelde dat er net sa faak mear troch it lân reizge, hy moast it rêstich oan dwaan nei in hertoperaasje en fiif bypasses. ‘Neem een chocolaatje!’, sei de skriuwer, wylst hy in moai boadskip skreau yn it boekje foar myn skoanâlders (‘Sterk verdund, maar tóch met dikke pret, voor Joop en Hermien’).

Ik frege him om ek noch wat te skriuwen yn it boekje dat bestimd wie foar ús heit en yn it eksimplaar foar M. en my. Doe wie hy klear en wist ik niks mear te freegjen. Mar omdat der noch gjin oare minsken stiene te wachtsjen woe ik noch net fuort. Ik bedoel: Kees van Kooten. Ik ha al syn boeken en ik ha se faak op ‘e nij lêzen. Ik moast sa laitsje om ferhaaltsjes as ‘De kaars’ en om ‘Poezen eigen deurtje’ en rekke ûntroerd troch ‘Willem’ en ‘Van de hoge’. Eartiids seagen wy alle wiken Koot en Bie op teevee, by ús hong de Bescheurkalender op it húske. Ja, ik bin grut wurden mei Kees van Kooten. En no siet ik neist him as in sprakeleaze fan. Ik wie starstruck. Ynienen sei ik: ‘Ik heb altijd zoveel van uw werk gehouden.’ (In freondinne dy’t ik dit letter fertelde, frege: ‘Moest hij blozen?’ ‘Nee, ik wel!’, sei ik.)

Wy betanken him en yn ‘e winkel kocht ik noch in nije aginda. Doe lies ik wat Kees van Kooten foaryn ús boek skreaun hie: ‘de beste wensen en een gezond en vooral leuk 2019!’ Niks mis mei, mar ek net hiel spesjaal. ‘Anders vraag je of hij je agenda ook wil signeren’, sei M. ‘Met vrolijke paasdagen, gefeliciteerd met je verjaardag, prettige vakantie, enzovoort.’

Mar ik bin hiel bliid mei myn boekje. ‘Alle goeds, Kees van Kooten’, stie der ek noch by. Yn it kafee haw ik ‘De kaars’ foar de safolste kear lêzen en it wie wer daverjend grappich.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]