Gedichtejûn Ensafh
Publisearre op 9 januari 2012
Yn it ramt fan Nationale Gedichtendag organisearret it Frysk literêr tydskrift Ensafh op 26-01-2012 yn Snits in grutte gedichtejûn, dêr’t elkenien oan meidwaan kin! De jûn is bedoeld as in oade oan ’e poëzy. Der binne trije mooglikheden:
– Dichters kinne twa of trije gedichten foarlêze .
– Poëzyleafhawwers kinne har favorite gedicht foarlêze.
– Gewoan komme te harkjen.
Elk dy’t dichtet en foarlêst is wolkom. It makket net út yn hokker taal de gedichten skreaun binne, Frysk, Stedsfrysk, in streektaal, Nederlânsk of in bûtenlânske taal, alles is goed.
Dichters en foarlêzers wurde fersocht har op te jaan by de redaksje fan Ensafh troch te mailen nei ensafhpoezij@gmail.com. Skilje nei Piter Boersma (058-2501475) kin ek. Foar mear ynformaasje kinne jo ek by boppesteand adres en telefoannûmer telâne.
Omdat foarlêzen toarstich makket krije de dichters en foarlêzers allegear twa konsumpsjes fergees.
Foar in muzikale bydrage soarget it duo Hoed en de Rand mei harksankjes en gedichten op muzyk.
—
Plak: Café Vellinga, Korte Veemarktstraat 11 8601 EV Snits
Datum: 26-01-2012
Tiid: 20:00 – 23:00 oere
Yntree: fergees
Ynformaasje: www.ensafh.nl, 058-2501475 (Piter Boersma), ensafhpoezij@gmail.com
Kategory
Tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Door de Nederlandse straten klinken melancholieke melodieën, een Russische straatmuzikant verdient zijn brood. Zijn talent blijft niet onopgemerkt. Gestaag beklimt hij de ladder van succes. [...]
Kategory: Aginda,Literatuer
Tresoar organiseert op 28 januari een middag over Harmen Wind, overleden op 1 oktober 2010, die bedoeld is als tribuut aan deze belangrijke dichter, schrijver [...]
Kategory: Aginda,Byldzjende keunst
Euf Lindeboom: schilderijen, grafiek en mobiele beelden, solo expositie van 5 februari t/m 13 maart 2011 Opening op zondag 6 februari 16.00 uur door Saskia [...]