de Moanne – Live

Publisearre op 30 september 2011

Tiisdei 11 oktober 2011, oanfang 20.00 oere yn de Gysbert Japicx-seal, Tresoar, Bûterhoeke 1 yn Ljouwert. Tagong fergees.

De redaksje fan ‘de Moanne’ en de Stichting de Moanne noegje jo fan herten út foar in foardrach fan de folgjende sprekkers:

  • Jelle Krol yn petear mei skilder en skriuwer R.R. van der Leest
  • Jacqueline Schrijver, direktrise Filmhuis Leeuwarden
  • Paul van Dijk, skriuwer
  • Nynke Rixt Jukema, arzjitekte
  • Marleen Andela, mediakeunstner

De presintaasje fan de jûn is yn hannen fan Ernst Bruinsma. De Moanne – Live is bedoeld om net allinnich op papier, mar ek op tal fan oare wizen in poadium te jaan oan elk wa’t goed skriuwer kin en skerp tinke.

Graach drinke wy mei jimme nei ôfrin in glês op de Moanne. Wy sjogge út nei jim komst!

Opjefte graach foar 10 oktober by Hilda Top: h.top@tresoar.nl

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels