Poetic Potatoes op it Media Art Festival!

Publisearre op 27 oktober 2015

Foar it literêre útwikselingsprojekt mei Valetta 2018, ‘Poetic Potatoes’, joech de Moanne de dichters Albertina Soepboer, Sannemaj Betten, Bartle Laverman, Arjan Hut en Wilco Berga de opdracht om in oade oan de jierpel en it Bildt te skriuwen.

Fiif filmmakkers, Heleen Haijtema, Elmar Kuiper, Piter Hettinga, Sytse Jansma en Richard van der Laan, lieten har ferfolgens ynspirearje troch de gedichten en makken fiif bysûndere films dy’t op it Media Art Festival op tongersdeitejûn 5 novimber om 20.30 oere yn de Westerkerk (âld teater Romein) yn Ljouwert yn premjêre gean.

‘Poetic Potatoes’ is in projekt fan de Stichting Bildtse Aardappelweken yn gearwurking mei de Moanne wêrby’t yn oanrin nei Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018 in poëtyske útwikseling mei Valetta 2018 sintraal stiet. Sjoch foar mear ynformaasje oer it projekt ‘Poetic Potatoes’ ek op www.bildtseaardappelweken.nl en op www.mediaartfriesland.nl foar alles oer it Media Art Festival 2015.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels