Gysbert 2015: Anne Feddema

Publisearre op 15 mei 2015

De advyskommisje fan de Gysbert Japicxpriis 2015 hat 12 boeken nomineard foar de priis. Op 1 juny wurdt dizze ‘longlist’ werombrocht nei in rychje fan 3 titels. Dêr sil de Moanne wiidweidiger omtinken oan jaan. Yn it dossier oer de Gysbert 2015 in tal koarte fragen oan de nominearde auteurs. Net elkenien woe meiwurkje of antwurd jaan op de fragen.

 

Hoe soenen jo jo nominearre boek yn ien tweet (140 tekens) omskriuwe?
In boek fol ferhalen fan wille en earnst, bedoeld om minsken glimkje te litten, in bytsje gûle te litten, om it libben en harsels miskien in hiel lyts bytsje te ferklearjen.

Hokker boek of hokker ferhaal soenen jo begjinnende lêzers fan jo oeuvre oanrikkemedearje?
It ferhaal fan luitenant Yevgeni Oblonsky.

Wa binne jo literêre helden?
Kafka … E.T.A. Hoffmann … LeoP erutz … Shakespeare … Dostojevski … Tolstoi … Poesjkin ensfh.

Wurdearje jo in nominaasje? Is soks foar in skriuwer fan belang?
Ja, ik tink fan al. Yn dizze tiden is it al hiel wat as minsken hoe dan ek je boeken de muoite wurdich fine om te lêzen.

Wa fertsjinnet de priis?
Ik gun it iderien mar kin gewoan gjin nammen neame.

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels