2017

Publisearre op 27 januari 2012

‘Het zou verdorie eens tijd worden’, grommele Hans van der Heijde wat brimstich yn de mikrofoan, op de fraach wat er fûn fan de hege ûnderskieding. Mar de knypeach en de glinster yn syn eagen seinen genôch. Nimmen hie ommers yn 2009, doe’t syn ‘De Republyk’ ferskynde,  ferwachte dat dat boek no sa’n cultstatus berikke soe, ja sels útgroeie soe ta ikoan fan dizze nije tiid.

Doe’t it what if-ferhaal fan Van der Heijde útjûn waard, oer de oprjochting fan in Frije Fryske Republyk, wienen de reaksjes aardich, mar fierder die it boek net al te folle. Dat feroare pas yn de winter fan 2012, dik fiif jier lyn no alwer.

Ja, der wie al langer wat geande. In finansjele krisis, besunigings, in sfear fan negativisme en eangst yn it lân, dat spile al eefkes. Lykas it gefoel dat it tiid wie foar echte feroarings, ekonomysk, maatskiplik en polityk. Mar nimmen wist krekt hoe’t dat dan wol moast. De Occupy-beweging wie in goed foarbyld fan hoe’t protest wei waard yn ûnmacht.

Mar ynienen boaze de weach fan fernijingsdrift sterk oan. In pear kabaretiers rôpen planút ‘fuck de babyboomers’, heechleararen skreaunen  oer de needsaak fan in hiel oar ekonomysk systeem yn De Volkskrant, wittenskippers en ien astronaut toanden feilleas oan dat de miljeukrisis net langer útstel fan oanpak ferneare koe.

It wachtsjen wie noch op de polityk. Of better sein: op de herfoarming fan it politike systeem. De Keamerfoarsitster hie alris oanjûn dat der wol mear gewoan folk yn it parlemint sitte mocht, en in filosoof hie in aardich stik skreaun oer it âld-Gryksk steatsmodel, wêrby’t alle boargers om bar meidogge oan it bestjoer, troch in systeem fan lotsjen.

Mar it lêste triuwke kaam út Ljouwert wei. Twibaksmerk.

Dêr moast it nije provinsjehûs iepene wurde. It bouwurk wie as in bestjoerlike ereksje prûstich opswold en glom as in ikel. Krekt yn de tiid dat sels de froedste goeminsken slim oan it twiveljen slein wienen oer it funksjonearjen fan de polityk. Tajûn, dat koe de provinsje ek allegear net helpe. It wienen fansels de Haachske machten dêr’t de lju gjin fidúsje mear yn hienen, mar ek it stupide geëamel fan ús eigen boargemasters droech net in bytsje by oan it kweatinken. Dy praten as lytse bern oer ferlyfdheden op moaie famkes ensa, en tochten it folk dêrmei op de banken te krijen foar fúzjes tusken gemeenten.

Dus doe’t CdK Jorritsma oppenearre dat de iepening fan it nije provinsjehûs in feest wurde moast ‘voor alle Friezen uit alle hoeken van de provincie, uit elke laag van de samenleving’… ja, doe knapte der wat. De bêste man bedoelde it net iens ferkeard. Mar ja, sa joech de East-Dútske minister Günter Schabowski yn ’89 mei in hiel oars bedoelde opmerking ek it sein ta it sljochtsjen fan de Berlynske Muorre.

Yn de reboelje dy’t ûntstie, swaaide in ferslachjouwer ynienen mei ‘De Republyk’, en brocht it idee út it boek nei foaren om alle Friezen troch lotsjen dielnimme te litten oan it provinsjebestjoer. Yn in flaach fan manmoedichheid stelde de CdK foar om dat dan marris te besykjen.

It wie it aai fan Columbus! It die bliken dat hast elkenien stomme graach meidwaan woe. Minsken koenen suver net wachtsje oant it lot harren oanwiisde.

Elk begûn nei te tinken, te lêzen en te diskusjearjen, om mar in goed figuer slaan te kinnen yn it nije parlemint. En der waard trochpakt! De minsken hienen ommers mar in koart skoftke tiid om te besykjen harren plannen te ferwêzentlikjen, mei each foar elkoars belangen. De eardere sfear fan desynteresse en machteleazens, it gefoel slachtoffer te wêzen fan de oerheid, it wie allegear yn ien klap ferdwûn.

Wat ek bliken die, wie dat net skaalfergrutting, mar skaalferly´tsing it biedwurd wie. Yn in lytser fermidden nimme belutsenens en  ferantwurdlikheidsgefoel ommers ta. Sa logysk as wat, mar dat idee wie foar 2012 op de ien of oare wize folslein ferdwûn.

Lokkich seach Den Haach dat ek, en ferduld: Fryslân waard samar ynienen min ofte mear in eigen republyk. Net hielendal, fansels, mar dochs fierhinne.

En sa wie Hans van der Heijde ta syn eigen fernuvering ynienen de founding father fan it nije Fryslân. Fan âld-Fryske ressentiminten, dêr’t hy yn syn boek sa foar warskôge, wie aldergelokst gjin sprake, omdat elk júst sa optein wie oer de nije mooglikheden. Nije paden waarden ynslein, yn technyk, yn romtlike oardering, duorsumens en yn kultuer. Prachtige ideeën en inisjativen waarden troch de minsken úttocht en tapast. Yn in omsjoch hie de provinsje him omturnd fan in wat sneu gebiet yn de perifery nei de kaleidoskoop fan de nije tiid.

Dat ‘De Republyk’ no dizze priis krijt is dus folslein terjochte, en dat de skriuwer takom jier de keynote speaker is op it iepeningssympoasium fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018, allyksa.

Bart Kingma

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]