Hear en sjoch hjir Natalia Papaeva

Publisearre op 1 maart 2021

‘Natalia Nikolajevna Papaeva jildt as in grut talint yn de wrâld fan de fideokeunst. Se is ôfkomstich út Burjatië, in autonome Sibearyske republyk oan de Mongoalske grins, en makke de ôfrûne jierren yn Nederlân namme mei opfallende en persoanlike fideokeunst yn de bedrige Burjatyske taal. Krekt dy bedrige taal, kultuer en identiteit, mei it boeddhisme as wichtich elemint, is foar de engazjearre fideokeunstner in wichtige boarne fan ynspiraasje. It Ljouwerter keunstinisjatyf VHDG hellet Papaeva nei de Fryske haadstêd foar har earste solo-eksposysje “Ik bin/Ik ben”, sadat ek Friezen har ferrasse litte kinne troch de wurken fan dizze opmerklike Burjat-om-utens.’

Onno Falkena spruts Natalia Papaeva foar de nijste edysje fan De Moanne. Mar wat papier en bledsiden misse, binne klanken en bewegende bylden. De trailer mei Papaeva’s wurk ik ben nieuw werk is dêrom hjir te finen.

 

 

Kategory
Tags

Gjin tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels