Wêrhinne? Hjirhinne!

Publisearre op 6 januari 2015

ELSKE SCHOTANUS – 

Elk jier, om krysttiid hinne, yn 2014 foar de fyfde kear, wurdt yn it Posthús op It Hearrenfean in famyljemusical brocht, meast jûns, mar ik kies foar in foarstelling op sneintemiddei yn de ferwachting tusken de gibeljende en gekjeiende bern te sitten. Der binne yndie bern, mar toch benammen fyftichplussers dy’t op it fenomeen Rients Gratama ôkomme. En in fenomeen is it. Gratama (1932) skreau net allinne it skript, ynbegrepen alle lietenteksten, yn de rol fan koster fan de tsjerke fan it doarp Hjirhinne, bejout er himnoch altyd op it poadium, al is it dan mei it stokje. Dat lêste is mei gjin wûnder hjitte: Gratama spilet in hûndertsânjierrige.

Yn de midsieuwen wie der, op it plak dêr’t de tsjerke fan it Hjirhinne stiet, in frouljuskleaster en de doarpsmienskip sil de skiednis fan de nonnen en de krúsridders op de planken bringe. En yn de Twadde Wrâldoarloch sieten der ûnderdûkers yn de tsjerke, in gegeven dat yn de tiid dat it stik spilet syn ferfolch krije sil. De koster wie yn de oarloch al koster. Mar al is er withoeâld en fergeliket er de tiid dêr’t er yn libbet – oer tsien, fyfjin jier, as de haven fan Harns de Fryske Europoort wêze sil – wolris mei it ferline, fan nostalgy is gjin sprake. Hy hat it oer ‘WhatsApp’ en ‘Wifi’ wêrop’t syn hurdhearrige soan freget: ‘Wat?’ en ‘Wie?’.

 

De taal yn de foarstelling is Nederlânsk mei in, sa’t de promoasjetekst it ferwurdet, ‘logisch, functioneel en leerzaam percentage Fries’. It klinkt truttich, mar de kombinaasje fan beide talen wurket prima.

 

Oan de teksten is te merkbiten dat Gratama benammen kabaretier is. Mei humor en taalgrapkes spilet it stik allegeduerigen yn op de aktualiteit. Sa is elkenien yn de takomst frijwilliger, sterker noch, by de NHL kinst sels dyn Bachelor Frijwilliger helje. Ek de wynmûnediskusje wurdt oan referearre. Nergens foar noadich, dy iene boer dy’t der noch op it doarp is, melkt ommers wol achthûndert kij. Dy skite mear as genôch op it hiele doarp fan biogas te foarsjen. En doe’t de banken de pinautomaten fuorthellen, soarge de koster derfoar dat der toch wer in automaat kaam: ‘hjir pinne’. Dûmny (Syb van der Ploeg) preket net mear, mar siket oare ‘geestelijke wegen’. Yn Hjirhinne mei syn goed fjouwerhûndert ynwenners wurdt dan ek allang net mear tsjerke. As safolle leechsteande tsjerken yn ús provinsje hat it gebou in oare bestimming krigen – sa repetearret de fanfare der – al stiet dy faai as de boargemaster (Frans Planken), it krop foarút, delkomt, tegearre mei de eigner fan in tapytketen dy’t belangstelling foar it gebou toant. De tapiten komme fan Isfahan. Oft de koster dêr wol fan heard hat? Isfahan, dat komt foar yn it ferneamde gedicht ‘De tuinman en de dood’, ‘en daar worden tapijten geknoopt’.

De taal yn de foarstelling is Nederlânsk mei in, sa’t de promoasjetekst it ferwurdet, ‘logisch, functioneel en leerzaam percentage Fries’. It klinkt truttich, mar de kombinaasje fan beide talen wurket prima. Sprutsen teksten binne meast yn it Nederlânsk, de lieten dan wer Frysk, dan wer Nederlânsk en as de koster, yn it Frysk, ferhellet wat der sa al feroare is op it doarp, werhellet it jeuchdkoar him yn it Nederlânsk. De boarmemaster komt fansels fan bûten, in Hollanner, en him wurdt frege: ‘Hoe sit it winliken mei jo Frysk?’ De taal is wol te learen, hy moat it mar neisizze: ‘De wide Ie lei fol mei wite snie’. En nee, it is gjin wiete snie … Wêrop’t it koar de rigel klinke lit op de muzyk fan The Rain in Spain út My Fair Lady. De eigen komposysjes fan Clara Rullmann binne fleurichop, behalve as it oer de Joadske ûnderdûkers giet, dan is de stimming mankelyk. Betiden dogge dy oan de Kinderen voor Kinderenferskes tinken en de kombinaasje mei dûns, mei Raymond Guzman as choreograaf, dêr wurdtst as besiker op syn minst like bliid fan as fan de snieflokken dy’t, op de ein fan de foarstelling, út de loft dwarrelje en it fraaie dekôr de waarmte fan in krystkaart jouwe.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    SJOERD BOTTEMA -   Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    ERNST BRUINSMA - Yn 1990 ferskynde de roman Possession fan de Britse skriuwster A.S. Byatt. Datselde jier waard it boek bekroand mei de prestigieuze Bookerprize [...]

  • Kategory: Opiny,Teater

    HANS BRANS - Een festival van twaalf dagen om een nieuw artistiek leider welkom te heten - dat is een opmerkelijke, nooit eerder vertoonde openingszet. [...]