• 6 januari 2015

    ELSKE SCHOTANUS -  Elk jier, om krysttiid hinne, yn 2014 foar de fyfde kear, wurdt yn it Posthús op It Hearrenfean in famyljemusical brocht, meast jûns, mar ik kies foar in foarstelling op sneintemiddei yn de ferwachting tusken de gibeljende en gekjeiende bern te sitten. Der binne yndie bern, mar toch benammen fyftichplussers dy’t op it fenomeen Rients Gratama ôkomme. En in fenomeen is it. Gratama [...]