de Moanne Live mei Josse de Haan

Publisearre op 15 november 2013

De lêste Moanne Live fan dit jier stiet yn it teken fan de nije essaybondel fan Josse de Haan, ‘Frozen moonlight yn myn hannen’. Yn ’e mande mei útjouwerij Elikser en Museum Dr8888 wurdt op freed 15 novimber yn Museum Dr8888 troch de skriuwer it earste eksimplaar oanbean oan Marianne ten Hove.

Oare sprekkers op dizze middei binne: keunsthistoarikus Huub Mous en Paulo Martina, direkteur Museum Dr8888. Graach oant sjen op freed 15 novimber om 17.00 oere yn Museum Dr8888 op it Museumplein 2 yn Drachten. De tagong is fergees. Wy sjogge út nei jim komst!

de Moanne – Live is bedoeld om op papier, mar ek op tal fan oare wizen in poadium te jaan oan elk wa’t goed skriuwe kin of skerp tinkt. de Moanne wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. Sjen litte wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. Ek troch it organisearjen fan ‘live’-moetingen.

 

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels