Merkelboek nimt hege flecht

Publisearre op 9 januari 2017

ARJAN HUT – 

Peaske, 2015. Henk Wolf rydt in eintsje om yn syn klassike jeep. Dan knalt der wat troch it rút en yn syn each. In merkel. De dosint taalkunde en Frysk skreau in boek oer wat er doe allegear barde, Een meerkoet in mijn oog. In typysk Wolveriaansk boek, fol (swarte) humor en taalgrappen, mar: yn it Nederlânsk diskear.

‘Ik ha lang twivele oer de taal fan it boek. De earste stikken dy’t ik ynpraat ha, as blineman mei in diktafoan yn ‘e hân, wienen yn it Frysk, mar der kamen ek stikken yn it Nederlânsk op te stean. Soms tink ik no ienkear yn it Frysk, soms yn it Nederlânsk en soms yn in mjuks fan dy talen, mei bytiden wat Dútsk dertroch. Eins soe ik wol wolle dat de wrâld net altyd sa dreech die oer koadewikseljen. Mar hawar, ik woe it boek ûnder de minsken bringe en der smoarryk mei wurde, dat op in stuit haw ik de Fryske stikken yn it Nederlânsk oerset. En der safolle Frysk yn stoppe as de Grinzer útjouwer my tastie.’

 

Hat it skriuwen yn it Nederlânsk holpen om ôfstân te nimmen of wie dat net nedich?

‘Nee, ik ha de yndruk dat de taalkar yn it boek – mei in soad koadewiksel – ticht by in natuerlike modus leit. Hie ik úteinlik foar it Frysk keazen, dan hie dêr in soad Nederlânsk yn sitten. Ik ha my ynearsten ek net folle fan taalnoarm oanlutsen en sa sprektalich mooglik skreaun. De redakteurs yn Grins ha it Nederlânsk dêrnei wat ûntfryske, mar se hienen gelokkich gjin doel oer it Frysk, dat dat is der sa yn kaam as ik it ha woe. Mannich Frysk beweger sil him by it lêzen derfan it burdhier út it kin lûke. Dat is goed, de measte manlju sjogge der better út sûnder burd.
Ik fyn oars dat de Fryske beweging bytiden wat seloatyske trekjes hat. Guon ha my der op it Internet omtrint om útskeld dat ik in boek yn it Nederlânsk skreau. Dat gebeurt my ek wolris as ik myn moanlikse taalkollum foar De Moanne yn it Nederlânsk doch. Se dogge hast as bin ik út it Frysksinnige kamp oerrûn nei de fijân. Brrr …’

 

Hoe bist by Utjouwerij kleine Uil útkommen?

‘Ien fan ‘e útjouwers fan de Kleine Uil is Coen Peppelenbos. Coen wurket yn dieltiid foar de útjouwerij en is dêrneist in sympatike kollega fan my op ‘e NHL. Doe’t ik him oer it boek fertelde, wie er earst wat skeptysk. Utjouwers skine nochal wat manuskripten oer persoanlike ûnderfiningen te krijen. Hast altyd binne dy min skreaun. “Daar heb je er weer een”, skynt in standertsintsje te wêzen dat útjouwers útsprekke foar’t se in dreechstinnerich stik hyperpersoanlik ferwurkingsproaza yn it jiskefet kiperje. Dat fertelde Coen by de boekpresintaasje. Coen woe my as kollega lykwols it foardeel fan ‘e twivel wol jaan en ik haw him it manuskript jûn. Hy fertelde by de boekpresintaasje dat syn kompaan Peter ten Hoor tsjin him sein hie: “Goh, dit is ook nog leuk om te lezen. Deze kan tenminste schrijven.” Doe haw ik mei de beide mannen om ‘e tafel sitten en wy wienen der al gau út dat it him mar wurde moast.’

 

En dêr waardest ynienen troch Ronald Giphart ynterviewt op NPO1!

‘Radio 1 wie der al heel fluch by, al foardat it boek der wie. Programmamakker Jeffrey van Rijk fan De Nieuws BV hie de oankundiging lêzen yn de folder fan Kleine Uil. Hy woe graach in ynterview. Dêr wie in datum foar plend, mar der wienen noch twa oare skriuwers foar dy deis útnoege en dat fûn de einredaksje tefolle, dat doe bin ik nei in lettere datum ta ferskood, op in tongersdei. Dy deis is Ronald Giphart fêste ko-presintator. Hy krige yn it foar in eksimplaar fan it boek, fûn it prachtich en omdat er sels in eachsykte hat en ambassadeur fan it Oogfonds is, wie it samar beslikke dat hy my ynterviewe soe.’

 

Yn it ynterview mei Giphart hast twa kear neamd datst ateist bist, ûnder oaren neidat Giph it bestie en neam dyn herstel in Godswûnder. Giest graach de konfrontaasje mei religy en sels religieuze útdrukkings oan?

‘Ja, dat is sa. No ja, net de leauwigen fan it type Arjan Hut, Ate Grypstra of Liuwe Westra. Dy stopje safolle nuânse, twivel, poëzy en ridlikheid yn har religieuze ideeën, dat is allinne mar nijsgjirrich. Dy minsken kin ik noflik mei prate en dy wurde ek net lulk as in oar oars tinkt as sysels. Ik mei lykwols graach minsken in bytsje stikelje dy’t lulk wurde as ien in grap makket oer har dogma’s. Dat doch ik ek mei minsken dy’t leauwe oan de God fan it Frysk, dy’t Syn Hillige Regels yn De Stipe fan de Afûk hat opskreaun (hehe).

Sok stikeljen is ek nedich. As der tefolle ûntsach is foar in dogma, dan bliuwt dat dogma bestean, lang neidat it ûnferienichber wurden is mei de ynsjoggen fan de wittenskip en de publike moraal. As in dogma ûnthillige wurdt, dan sjocht de twiveljende leauwige dat it mooglik is om oars tsjin de wrâld oan te sjen en dan hat er yn alle gefallen in oantrún om nei te tinken oer alternativen foar it dogma. Yn wêzen helpst mei gekoanstekkerij de tûke minsken om har te ûntwramen oan it dogmatisme fan de ûnnoazelen.

Ik sit no efkes op myn rydhynderke, mar ik wit oars net oft dyn fraach oer konfrontaasje en bestriden wol fan tapassing is op myn merkelboek. Sykje ik dêryn wol in konfrontaasje op? As in kristen syn tinkbylden yn in boek set, leau ik net dat dat sjoen wurdt as it opsykjen fan de konfrontaasje mei de ateïstyske, boedistyske of islamityske evenminske. De ateïst, agnost of humanist dy’t syn ideeën op papier, krijt soks wol faak foar de fuotten smiten. Dêr sit wat ûngelyks yn. It is dat wy ateïsten sûnder útsûndering ridlike minsken binne, oars soenen wy mei in lulk gesicht yn in televyzjeprogramma fertelle dat wy it slachtoffer binne fan “religious privilege”. Of foar tsjerken stean mei buorden mei in fotoshopt plaatsje fan in gûlende Charles Darwin derop. Of in “safe space” easkje op kristlike skoallen, dêr’t net oer Sinteklaas, krysttyd, kliterektomy en oare religieuze feestjes praat wurde mei.’

 

De ‘Meerkoeten’ fleagen as waarme broadsjes de winkel út. Wiest ferrast? Is it boek no al wer te besetten?

‘Ja, ik wie wol ferrast dat de ferkeap sa hurd gong. De útjouwer wie ek bliid ferrast. De papieren ferzje fan it boek hat krapoan fjirtjin dagen net te krijen west, mar ûnderwilens leit it al lang wer yn ‘e boekhannels. Sels yn Flaanderen binne ferskate boekwinkels dy’t it ynkocht ha. Dat docht my deugd.’

 

Trúnt it sukses dy ek oan om fierder te skriuwen?

‘Ik skriuw altyd: kollums, stúdzjemateriaal foar ús studinten, sinteklaasgedichten en boadskiplistjes. En út en troch in ferhaal. It merkelferhaal stiet no op papier en ik ha wol wer wat proazaskriuwerij ûnder hannen. Oft dêr noch in boek út rûgelet, wit ik noch net. It ferhaal oer myn each is no wol klear. It bestrykt goed in jier. Der is noch wol it ien en gebeurd dat wittenskiplik nijsgjirrich is. Sa haw ik ien kear ynienen in pear tellen wer heel bewust djipte sjoen en kin ik mei in nije lins noch skerper sjen. Dêr komt net wer in boek fan, mar miskien skriuw ik der wol in pear kollums oer.’

 

Wurdst no ek foar lêzings frege?

‘Nije wike doch ik in lêzing op ‘e Literaire Salon, in jierlikse literatuerjûn fan de NHL. Ik haw in pear ynterviews jûn nei oanlieding fan it boek en ik bin frege om mei te dwaan oan in pear projekten om eachproblemen hinne.’

 

Personaazjes lykas Zuster Fokalina besteane echt. Hast de echte nammen brûkt en hast se nochwol ris troffen nei it ferskinen fan Een meerkoet in mijn oog?

‘De measte nammen yn it boek binne betocht. Der binne grif minsken dy’t net mei har namme yn in boek wolle. In pear minsken dy’t yn it boek foarkomme, ha harsels wol herkend en my in leuke reaksje stjoerd. Ien meiwurker fan it sikehûs fertelde dat yn myn medysk dossier stiet dat ik it boek skreaun ha. Hy sei dat er it boek ek wol keapje woe. Ik ha him net ferteld dat er der sels ek yn foarkaam, wol dat it boek by Van der Velde oan it A-kerkhof te krijen is.’

 

‘Een meerkoet in mijn oog’, Henk Wolf. Uitgeverij de Kleine Uil, 2016. 174 siden, €17,50

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels