fotografy: Sirkwy.nl

Mear as in sljochtweihinne misdieroman

SJOERD BOTTEMA – 

Under de titel Bak skreau Sietse de Vries yn 2012 it kadoboek foar de Moanne fan it Fryske boek. De haadfiguer makke twa minsken fan kant, mar slagge deryn om it spoar nei in kriminele organisaasje te lieden. It liket der dus op dat wy hjir mei in slimme foks te krijen ha, en foar in part is dat ek wol sa, mar as it derop oankomt is Sjerp Bak mear in loser as in winner, it rint him út ‘e hân en dat makket in moardner fan him. Hy is al tweintich jier stedsferslachjouwer by in regionale krante, der sit net echt skot yn syn karriêre en yn syn leafdeslibben allikemin. In treursang wurdt it lykwols net, de toan is luchtich. “Typysk Sietse de Vries,” skreau ik doe, “de lêzer komt te witten hoe’t de foarke yn de stâle stekt, yn de ferhaalwerklikheid lykwols ferdwynt de wierheid achter in betiizjend reekgerdyn.”

 

Sjerp Bak is in haadfiguer mei wa’t men jin net gau identifisearret en dêr’t men dochs mei begien is.

 

Yn Hierbakis it net oars. De titel hat te krijen mei it feit dat Sjerp troch de organisaasje dy’t er yn it foarige boek sa moai te fiter hie, twongen wurdt as hiermoardner op te treden en ôf te rekkenjen mei trije lytse kriminelen. It is in kwestje fan sy of hy. En ek no wit Sjerp Bak, mei wat help fan it tafal, him derút te rêden. De irony wol dat er, oan ‘e ein fan it ferhaal, fan syn sjef op de redaksje de opdracht krijt om út sykjen hoe’t ien en oar mooglik ynelkoar stekt.

Min ofte mear lykop mei it ferhaal fan Sjerp Bak rint dat fan de provinsjale politikus Kerst Sorgdrager, dy’t fertize rekket yn in korrupsjesaak. Hy is fan deselde partij, de VVD, en allike korrupt as de mei himsels ynnommen kwast dy’t yn it foarige boek de lokale polityk fertsjintwurdige. Tusken de wederwarichheden fan Sjerp Bak en dy fan Kerst Sorgdrager rinne sawol paralellen as kontrasten. Oan ‘e ein komme de beide ferhaallinen op in fernimstige wize byelkoar.

Sjerp Bak hat himsels troch de swierrichheden hinneskuord, mar tagelyk ek op ‘e nij yn ‘e nêsten wurke, want wat moat er oan mei de ûndersyksopdracht fan syn sjef en is er no werklik ôf fan de misdiedigers dy’t him yn ‘e skjirre hiene? Hoe’t dat útpakt, sil blike moatte út it noch te ferskinen diel trije, dat troch de skriuwer yn in koart yntro al oankundige wurdt.

Neffens de flaptekst is Hierbak “in spannend boek” mei “in skerp each foar de tragykomyske kant fan it libben.” Dêr is gjin wurd tefolle mei sein, sterker noch, der is mear: Sjerp Bak is in haadfiguer mei wa’t men jin net gau identifisearret en dêr’t men dochs mei begien is. Mear as in sljochtweihinne misdieroman stelt Hierbak ûngemaklike fragen en set jin oan it tinken. Ik sjoch út nei diel trije.

 

Sietse de Vries, Hierbak; Bornmeer 2018. 237 siden, €17,50

Comments
Ien reaksje oan “Mear as in sljochtweihinne misdieroman”
    Reagearje

    DE MOANNE

    'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.