Lykwicht leafde en bodders yn ‘e beage

RYNK BOSMA – 

As je opgroeie tusken de Eeltsjemar en de Burgumermar dan witte je dat op dy wetterplassen gjin skûtsjes foarby kamen. Op de Alde Feanen yn Earnewâld is dat fansels in hiel oar ferhaal en miskien is dat wol in plak om dat sa Fryske skip op it skild te hisen. En dat bart yn de teaterfoarstelling ‘Myn Skip’ wêryn’t de skiednis fan it skip foarbydriuwen komt. In skiednis dy’t begjint yn 1861 doe’t in Holtrop fan Grou de Aebelina boude. It wie in beurtskip mei de bynamme ‘keningin fan it wetter’ en by wedstriden mocht it skûtsje faak net meidwaan ‘wegens buitengewone kwaliteiten’.

 

De leafde dus, ‘droegen troch it wetter, dreaun troch de wyn…’ sa’t op it programmaboekje stiet. En dat stiet foarop yn de prachtige foarstelling Myn Skip, sûnder blyn te wêzen foar de bodders yn ‘e beage.

 

It is dan ek de Aebelina dy’t it ‘bal’ fan de skûtsjes iepenet, want krekt lykas by ‘De Stormruiter’ wêr’t it Frysk hynder in haadrol opeasket, stiet by ‘Myn Skip’ (rezjy Theo Smedes) net de mins mar it skûtsje sintraal. Ferteller Age Veldboom fertelt it ferhaal fan de skûtsjes yn de ferskillende tiden en hy is tegearre mei Cathrienus Herrema de man dy’t it ferhaal fan it skûtsje yn gong setten hat. De wei fan juster nei hjoed ûnder de prachtige silen fan de skûtsjes en muzyk fan de Big Band Friesland tegearre mei ELLA & HER MAN. De lietteksten binne fan Baukje Wytsma, Herman Woltman skreau de komposysjes.

Skriuwer Hylke Speerstra fan Heil om Seil fan 1968 en fan Op redens oerfan 2008 kin mei rjocht de kening fan it ferhaal neamd wurde mei in goed each foar de romantyk dy’t it wrede noch wolris nei efteren triuwe wol. Wat de foarstelling ‘Myn Skip’ oanbelanget wie der lykwicht tusken de leafde foar de skûtsjes en it wrede en hurde libben fan de bodders yn ‘e beage. Want it wie allegearre gjin hurdsilen foar de wyn, de frou of bern moasten faak yn ‘e beage om it skip te lûken wylst de skipper de boat by de wâl weihâlde mei in stok.

Der komt altiten in momint dat de foarútgong in hurde rjochter is oer wat west hat. Ferteller Veldboom spilet in lytse dialooch mei Harmen Brouwer fan de bekinde SKS famylje fan It Hearrenfean. Dizze kear is hy yn de twaspraak de opfolger fan syn heit en hy wol it wurk as beurtskipper wol oernimme, mar yn in oare foarm. Hy hat in frachtwein kocht. Fan wetterwei nei autowei, fan hout nei izer, der bliuwe altiten ferliezers oer. En dat is yn de foarstelling it skûtsje dat him betiden skikke moat yn in rol as wenskip. Yn de foarstelling grappich ferpakt yn it tsjintwurdige klubliet ’t Woanskip fan SC Cambuur.

Mei de oprjochting fan de SKS en wer letter it IFKS wurdt it skûtsje behâlden, sa kinne je sizze. Wurk wurdt sport mei fansels in hiel grappige wedstriid mei lytse skûtsjes mei kommentaar fan Klaas Jansma.

De koptelefoan op foar de muzyk, de folle moanne as symboal fan de foarbygeande tiid dy’t op it sa swarte wetter fan de Alde Feanen skynt. De skûtsjes en de lytse boatsjes fan de fiskers en molkfarders fan eardere dagen farre troch elkoar hinne, se ferwinskje elkoar om’t se yn elkoars farwetter komme: oan ‘e kant, ik moat der troch, ha gjin tiid foar wachtsjen. Want de skûtsjeskippers ha en hienen mar ien doel en dat is earst wêze om goeie prizen foar de fracht te fangen of in fracht binnen te heljen. Wat oerbleaun is yn de tiid fan no, is de eare fan earste te wurden by it skûtsjesilen.

‘Myn skip’, sa sei in skipper ris doe’t hy jierren letter syn skûtsje wer werom seach en it wjerkende oan in dûk yn de foarein. De leafde dus, ‘droegen troch it wetter, dreaun troch de wyn…’ sa’t op it programmaboekje stiet. En dat stiet foarop yn de prachtige foarstelling ‘Myn Skip’, sûnder blyn te wêzen foar de bodders yn ‘e beage.

Mear ynformaasje: www.mynskip.nl 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.