Libben om ’e nocht efter de doar

Publisearre op 17 november 2015

RYNK BOSMA – 

‘In libben sûnder leafde is in libben om ’e nocht’ sa song in Fryske artyst ea en dat etiket soenen je hast plakke op de nije foarstelling ‘Memmesiel’ fan Sterke Froulju. Mar dat soe al te maklik wêze, sa die snein 15 novimber bliken yn doarpshûs Yn ‘e Mande yn Tytsjerk. It troch Anja Steegstra skreaune ferhaal giet oer fjouwer froulju, spile troch Wytske Kooistra, Ineke Kalteren, Jeltje Joustra en Anja Epema, dy’t efter de tralies terjochte kaam binne. ‘Ik ha neat dien’ sa klinkt it evangeelje yn it earste part mei as ivich weromkearend refrein fan de oaren: ‘En wy wolle it net witte’. Op de klanken fan Jailhouserock fan Elvis Presley kinne de falske noaten fan de froulju ûnder it izeren rezjym fan de hieltiten werom kearende finzenisbel alle kanten út fleane.

 

It draait allegear om de leafde, de ôfwiisde leafde, de teloarstelde leafde, de misbrûkte leafde, de leafde as bedriger fan ferwachtings dy’t nea útkamen.

 

Dat is fansels lange tiid fol te hâlden oant der in nije finzene bykomt dy’t in dûbele aginda hat en de oare trije komme dêr al rillegau efter. Sy falt út de toan, sy is frijwillich efter dy reade doar fan har sel krûpt mei de bedoeling de libbensferhalen fan de oare trije op te skriuwen. Stapke foar stapke wit sy de foet tusken de ferskillende reade doarren te krijen yn in striid dy’t it midden hâldt tusken ik wol it foar mysels hâlde en ik ha ien nedich om der oer te praten. Fan in libben sûnder leafde is eins gjin sprake. It is just dy leafde, ferred troch âlders of mannen dy’t makket dat it gefoel fan in libben om ‘e nocht oerhearsket by de froulju. Se ha de hâlding fan kartonnen doazen mei de deksels stiif ticht dy’t sûnder wat priis te jaan it deiritme fan de finzenis ûndergean.

Geandewei de foarstelling geane de deksels wat iepen want karton kinne je mei in bytsje storein al iepen triuwe. Sa ûnderfynt de kwetsbere dy’t mei agressy en in grutte bek elts op ôfstân wit te hâlden, of de ivich warbere frou dy’t it gemis fan har bern oan de oare kant fan muorre mei skjin meitsjen besiket fuort te poetsen. De tredde frou oerhearsket it selskip en besiket it mei in laagje beskaving en ôfstanlikheid, de rúzjes tusken oaren wat te dimjen sadat har eigen ynerlike keamer net oan bar komt.

It draait fansels allegear om de leafde, de ôfwiisde leafde, de teloarstelde leafde, de misbrûkte leafde, de leafde as bedriger fan ferwachtings dy’t nea útkamen. De dûken dy’t in memmesiel yn in libben oprinne kin. Om dan dochs te libjen mei de hoop dat alles better wurde sil moat je miskien wol de krêft ha fan in memmesiel. Miskien hoopje op of leauwe yn bettere of oare tiden is ek in libbenskeunst. En dat falt net ta, sa is it boadskip yn dizze izersterk spile foarstelling.

De dochs leadswiere tema’s wurde spile mei de humorystise luchtichheid fan in milkshake, wol onbedoelde rauwe humor trouwens. De fjouwer froulju bringe it mei de oertsjûging as wie it harren eigen alter ego en dat is as in komplimint bedoeld fansels. En, ek oars as yn in finzenis, it publyk hoecht him net in minút te ferfelen en dêr giet it by in foarstelling foaral om fansels.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    SJOERD BOTTEMA -   Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    ERNST BRUINSMA - Yn 1990 ferskynde de roman Possession fan de Britse skriuwster A.S. Byatt. Datselde jier waard it boek bekroand mei de prestigieuze Bookerprize [...]

  • Kategory: Opiny,Teater

    HANS BRANS - Een festival van twaalf dagen om een nieuw artistiek leider welkom te heten - dat is een opmerkelijke, nooit eerder vertoonde openingszet. [...]