Leuke activiteiten om samen te doen

Publisearre op 28 juni 2015

KAREN BIES –  

‘Rekôrtal dielnimmers oer de finish’, stiet op de foarside fan de krante. Oft se rûn, fytst, stept, achterút yn in Daf, of mei griene ferve yn it hier de einstreek helle ha, docht der no even net ta. It wie in moai evenemint en der wie wer in rekôr. En dan wolle wy witte: Hoe lang ha jo der oer dien? Hoe is it mei de blierren?

Wy wenje yn in provinsje fan tochten en foaral fan alvestêdetochten. By gebrek oan iis kinst der wol op hûndert oare manieren by del. Yn in oldtimer, op in trekker, in motor, stand-up-paddling of krûpend, ast wolst. It is de dielnimmers lykwols net te dwaan om de stêden séls. Net om it histoarysk erfguod, troch de smûke strjitsjes te doarmjen of op in sfearfol terraske te genietsjen fan it útsjoch. Nee, se fleane der leafst sa gau mooglik lâns. By de stimpelpost wurdt de kaart delsmiten, hup in stimpel en dan rap wer fierder. Oanmoedige troch famylje en oare belangstellenden dy’t mei túnstuoltsjes en termoskannen yn de berm sitte, is it fijn … (folje in ferfiermiddel of aktiviteit nei foarkar yn), en kinne jo oan de ein grutsk it krúske yn ûntfangst nimme.

 

Mei freondinnen nei de Toppers, yn in koart wyt jurkje mei readwytblauwe sjerp om. En dêr yn de Arena stean tusken nóch fyftichtûzen fjirtichplus dames, yn deselde outfit.

 

It is net myn bedoeling jo prestaasje yn twifel te lûken. Al is it op in motor fansels gjin keunst om in tocht te folbringen en sil ik seker net applaudissearjend oan de kant stean. Elk syn hobby. Mar ik freegje my ôf: wêrom wolle wy dy hobby altyd mei tûzenen minsken tagelyk útoefenje? Ronkjend en rikjend, yn in wylde achterfolging, stjoerd troch mannen mei oranje hesjes? Blykber leauwe wy dat it pas écht leuk is, as in hiele protte oaren itselde dogge. En wurdt it noch better as der foar ús klapt wurdt.

Ik fyts leaver allinnich, oft it no earste, twadde of hielendal gjin Pinksterdei is. In bytsje nei de fûgels harkje en wat besonjes yn my omgean litte. Foar hymjende hurdfytsers gean ik gau oan de kant.

Ik bin net leuk yn in organisearre optocht. Ik bin trouwens ek net leuk as ik meidwaan moat mei oare ‘uitjes’ dy’t falle ûnder saneamde ‘leuke activiteiten om samen te doen’: Mei syn allen op in Solex ferklaaid herry meitsje, yn in lange learen jas en Willempie-helm. Of yn kolonne op in miljeufreonlike ‘swingtrike’ troch de Alde Feanen. Hobbelje yn in Hummer oer spesjaal foar ús oanleine bulten. Mei freondinnen nei de Toppers, yn in koart wyt jurkje mei readwytblauwe sjerp om. En dêr yn de Arena stean tusken nóch fyftichtûzen fjirtichplus dames, yn deselde outfit.

It leit gewoan oan my. Freegje my mar net wer mei. Ek net foar in Wampex.

Ik gean fêst op it terras sitten mei in boek en in bakje kofje. As jim tsjin de jûn werom binne, hat de organisaasje noch ien ‘leuke activiteit om samen te doen’: in oerke frij drinke. Oant straks!

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]