Wohin rollst du, Äpfelchen?

ANNE FEDDEMA – 

Boeken lêze? Ik bin der gék op en net allinne yn ’e fakânsjes hear. Tafallich wie ik, ein juny, krekt wer ris ta oan in boek fan de skriuwer Leo Perutz dus haw ik it ferline jier yn ‘e  simmerperioade lêzen. It liket my in goed plan om earst wat te fertellen oer de skriuwer, om’t er net al té bekend is by it gruttere publyk.

Leo Perutz waard berne yn 1882 yn Praach (ûngefear like âld as Kafka, beide wurken sels foar deselde fersekeringsfirma, Kafka yn Praach en Perutz yn Triëst) hy wenne fanôf 1900 oant 1938 yn Wenen, dêrnei (flechte foar de Nazi’s nei de ‘Anschluss’) yn Palestina en ferstoar úteins op 25 augustus 1957, doe’t er foar syn fakânsje tahâlde yn it Easterykse Bad Ischl (simmerferbliuw fan keizer Franz Ferdinand), dêr’t er ek begroeven wurden is.

 

Yn ‘e kearn en dat jildt foar mear fan Perutz’ syn ferhalen, binne de romans ‘net te bedjippen thrillers’.

 

Yn syn tiid wie Perutz ien fan’e meast lêzen skriuwers yn it Dútsk taalgebiet, de roman ‘Wohin rollst du, Äpfelchen?’ ferskynde yn 1928, earst as fûljeton yn ’e ‘Berliner Illustrirte Zeitung’, oplaach twa miljoen, lêzersberik fiif miljoen! De titel waard sprekwurdlik foar de ûnwisse tiid dêr’t de minsken yn ’e republyk fan Weimar libben. Om it ferhaal ûnder de oandacht fan it publyk te bringen, sette men útein, mei in, foar dy tiid, tige grutte reklamekampanje. De titel fan it ferhaal wie al wiken foar de publikaasje, yn felle kleuren te lêzen op grutte plakkaten op de ferneamde Berliner Litfaßsaülen, (affysjepylders neamd nei de printer Ernst Litfaß) en komt yn it ferhaal foar as titel en begjinrigel, fan in tige populêr Russysk folkslietsje (betocht troch de skriuwer?). ‘Wohin rollst du Äpfelchen?, wirst ins Wasser fallen … mear as dit (útsein in fraaie fariant, songen troch Reade soldaten … ‘Wohin rollst du Äpfelchen?, kommst nicht mehr zurück. Morgen in die Totenlisten schreibt man hundert Rotarmisten …’), komme wy, as lêzers ek net te witten.

Yn ‘e kearn en dat jildt foar mear fan Perutz’ syn ferhalen, binne de romans ‘net te bedjippen thrillers’. Perutz is wolris in bern neamd, fuortkaam út in relaasje tusken Franz Kafka en Agatha Christie. Helder as kristal en hast matematysk skreaun, (Perutz wie in tige wiskundich ûnderlein, fersikeringsstatistikus) ûnferwachte, dûbelsinnige ûntknopings, briljante licht iroanyske fernimstige fertelwize, keppele oan in bysûnder polyst taalgebrûk. Wat wolle jo noch mear fan in skriuwer? Miskien wie it wol in bytsje té folle foar de (Dútsktalige) literêre krityk fan dy tiid, dy’t literatuer, dy’t dan ek nochris as fûljeton ferskynde en dêr’t de namme Goethe nét yn foarkaam, perfoarst nét as âlde ernst opnaam.

Wêr giet de roman oer. Wêzentlik is it in ferhaal oer fan hûs en hiem ferdreaunen, dy’t har net mear thúsfiele yn har nije (âlde) omjouwing, nei belutsen west te hawwen yn in alles en iderien ferneatigjende oarloch (yn dit gefal de Earste Wrâldkriich), tsjintwurdich soenen je prate oer minsken mei in PTTS (Post Traumatic Stress Syndrome). Dizze oandwaning hat him by de haadpersoan (Georg Vittorin) werom út ‘e oarloch, yn in nij Easteryk, de Donaumonargy bestiet net mear, ûntwikkele ta in wraakobsesje, in fiksaasje op in hufter fan in Russyske offisier, dy’t kommandant fan it kriichsfinzenkamp, dêr’t de haadpersoan sitten hat, wie.

Wy folgje Vittorin op syn tocht en komme yn ’e meast absurde aventuren telâne, bedarje yn withoefolle Europeeske lannen en stêden en steane, oan ’e ein fan it ferhaal mei deselde lege hannen as de haadpersoan. Alles bliket neat te wêzen en neat alles. Yn it Nederlânsk binne fjouwer romans fan Leo Perutz oerset troch de yn 2014 ferstoarne oersetster Nelleke van Maaren en dêr is dizze spitigernôch nét by, dat fûn van Maaren, se fûn it ien fan ’e bêste romans fan ’e skriuwer, (arbitrêr AF) ek hiel spitich mar der koe gjin útjouwer foar fûn wurde. Ik kin it hiele ferhaal wol neikôgje mar dêr hawwe jimme neat oan, JO … achte lêzer moat it sels lêze wolle. Ik soe sizze, foarste plak op Google en helje it wurdboek Dútsk mar wer ris út ’e kast of lês yn elk gefal ien fan’e oersette romans fan Leo Perutz (boekwinkeltjes.nl), dy’t gewoanwei in skriuwsjeny wie (de lêste grutte Europeeske ferteller) en aldergeloks binne dat der mear dy’t dat fine.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.