• 6 juni 2014

    FROUKJE SIJTSMA - Sûnder leafde gjin leauwe. It is hast njoggen oere yn de jûn en it begjint bûten al te skimerjen. By de yngong fan de Bonifatiuskapel stean nonnen yn wite gewaden dy’t de minsken wolkom hjitte yn de achtste ieu nei Kristus. Yn de tiid fan misjonaris Bonifatius, dy’t yn 754 – of miskien wie it ek wol 755 - Dokkum op de [...]

  • 13 mei 2014

    ELSKE SCHOTANUS -  It is soel en brodzich as ik, nei in petear mei Jan Ros en Linda Eijssen, ‘creatives’ by de IIsfoarstin - de strjitopera fan Tryater dy’t 15 maaie yn premjêre giet - op it Wilhelminaplein stean, dêr’t de cast, dizze middei noch sûnder it koar, repetearje sil. Neist de trúk fan it teaterselskip stiet, as in grutte piramide, de mei spegeldiggels besiedde rok fan de iisfoarstin klear, nei [...]

  • 6 mei 2014

    ELSKE SCHOTANUS -  Het leegstaande bankgebouw op de hoek van de Doelesteeg, vlak bij het Saailân waar de cast die middag zal repeteren, fungeert als uitvalsbasis en opslag voor De IIsfoarstin, de voorstelling die van 13 tot en met 31 mei in de Leeuwarder binnenstad te zien zal zijn. De kale ruimten, met hier en daar afgedankt en achtergelaten kantoormeubilair, ogen naargeestig. Wie aan de [...]

  • 23 april 2014

    ELSKE SCHOTANUS -   Bûtendoar, op it Kiryat Onoplein yn Drachten, hearskje de sketterjende lûden fan de peaskemerke, yn spegeldbyld binne de letters Ghost Castle te lêzen, binnen, yn de lytse seal fan de Lawei, bringt objektteater Tamtam Escape wêryn’t hûnderten ôfdankte foarwerpen – fan printplaten oant letterbakken, âlde kranten, nietsjes, tillefoans en wat al net – in rol spylje yn in live makke animaasjefilm. [...]

  • 4 april 2014

    EELCO VENEMA -  It is de titel dy't my pakt. In wrâld oan oantinkens jagen my troch de holle doe’t ik oan Schoorl tocht. Mei de Datsun oer de Ofslútdyk, in stik bôle mei tsiis ite by it monumint. It sicht op de Noardseedunen yn de fierte, swimme mei de sâlte see op dyn lippen, kûlen grave op it strân, de Klimduin, pankoeken ite en yn sliep falle [...]

  • 3 april 2014

    NYNKE VAN DER ZEE -  It is deastil yn de lytse seal fan teater Meerzigt. Op de grûn njonken in grut wyt bêd leit aktrise Hilly Harms. Har foet yn in nuvere bocht, de holle oerside op de râne fan it bêd, it boarst dat stadich op en del giet op it ritme fan har siken. En fierder allinnich mar stilte. Sa begjint de foarstelling [...]

  • 1 april 2014

    ELSKE SCHOTANUS -  Bern dy’t op in rychje op ’e bank yn it gymnastyklokaal sitte, twa dy’t ploegen kieze foar it spul dêr’t de gynnastykles mei ôfslút. It lústerjen, it konkeljen: Wa sille wy nimme? En ek: wa wolle wy der leaver net by ha. Op it lêst bliuwe twa bern noch oer: it fine jonkje mei de bril, it skrutene famke, wat te dik [...]

  • 20 maart 2014

    ELSKE SCHOTANUS -  It is in moaie simmerjûn en do sitst op it Saailân oan in lange tafel yn it selsskip fan in goede freon. Foar dy it Fries Museum, altyd ûnderwerp foar diskusje en mei in heal ear harkest nei it rûzemûzjen om dy hinne. Guon minsken sykje noch om in plakje, in âldere frou jout har neist dy del, foar dy oer sit [...]

  • 19 februari 2014

    EELCO VENEMA -  Boppesteande kreet waard neffens oerlevering útroppen troch Archimedes dy't neaken oer de strjitten fan Athene rûn. Hy hie in belangryk wiskundich fraachstik oplost en in wet útfûn dy't fan dit punt ôf syn namme krige. Mar wat hat dizze anekdote mei de de teaterfoarstelling te krijen dêr't ik it oer ha wol? Op himsels net sa'n soad yn wiskundige sin, mar it Eureka-gefoel is [...]