Bonifatius de Musical

FROUKJE SIJTSMA –

Sûnder leafde gjin leauwe.

It is hast njoggen oere yn de jûn en it begjint bûten al te skimerjen. By de yngong fan de Bonifatiuskapel stean nonnen yn wite gewaden dy’t de minsken wolkom hjitte yn de achtste ieu nei Kristus. Yn de tiid fan misjonaris Bonifatius, dy’t yn 754 – of miskien wie it ek wol 755 – Dokkum op de kaart sette. De iiskokar dy’t op it paad nei de Bonifatiuskapel stiet past net yn dat tiidsbyld. Mar de magyske muzyk dy’t yn de kapel klinkt en it mysterieuze ljocht dat der skynt, soarget derfoar dat it publyk him al gau wer yn eardere tiden waant.

‘Bonifatius de Musical’ wie twa jier lyn mei 8500 besikers sa’n sukses, dat it stik dêrom in reprise krijt. De cast mei bekende haadrolspilers as Richard Spijkers, Maike Boerdam, Theun Plantinga en Syb van der Ploeg is foar de reprise útwreide mei ferskate nije spilers. De musikal, dy’t in produksje is fan stifting 754 yn Dokkum en regisseur Marc Krone, is oant en mei 8 juny te sjen yn Dokkum. Ferskate foarstellings binne lykwols al útferkocht.

‘Verandering begint met een droom’. It is it motto fan ‘Bonifatius de Musical’. En sa begjint it stik. Wannear’t Bonifatius (dy’t dan noch priester Winfried hjit) frege wurdt om abt fan it kleaster te wurden, sjocht hy dêr fan ôf. It is in ear om frege te wurden foar dy funksje, mar syn passy leit earne oars. Hy hat in grut ferlangen om de wrâld yn te gean om heidenen te kerstenjen. It leafst wol er nei Fryslân ta, dêr’t de minsken natuergoden oanbidde. De yn dit stik sêftaardige Bonifatius (Richard Spijkers) krijt fan hegere hân tastimming om op misje te gean en set ôf nei Fryslân.

De musikal giet net iens sa sear oer de gewelddiedige misje fan Bonifatius yn Fryslân, sa’t dy yn de skiednisboeken stiet. Yn dit stik stiet de wrakselings fan Bonifatius en de oare haadpersoanen sintraal. Syn leafde foar de non Lioba (Maike Boerman), hoe kin er dy kombinearje mei in selibaat bestean? En kin én wol er wol by in katolyk ynstitút hearre,  wylst de biskop fan Keulen (Teun Plantinga) yn it kleaster it Fryske famke Alrun swier makke hat?

Alrun, de pittige dochter fan in Fryske druïde (Syb van der Ploeg) wurdt foartreflik spile troch Liss Walravens. It famke is troch har stam nei Keulen stjoerd as in alternative foarm fan  belestingbetelling. At se swier blykt te wêzen fan de biskop, wurdt se troch him fuortstjoerd. Mar oankommen yn Fryslân wurdt se ek troch har eigen folk ôfwiisd. Se stiet allinnich en heart nearne mear by. Wannear’t se Bonifatius en syn freon Sturmius (Wouter Raaf) tsjinkomt, sykje se mei syn allen in wize om de ear fan Alrun te herstellen.

Dat Walravens net út Fryslân, mar út it suden fan it lân komt, is yn har útspraak yn de pear stikjes Fryske tekst dúdlik te hearren. De klanken binne har net eigen en dat steurt al in bytsje. Mar wannear’t se yn duet mei Syb van der Ploeg Frysk sjongt is dêr folslein neat mear fan te hearren. Se sjongt yn in taal dy’t har net eigen is, mar dochs slagget se deryn om de emoasje fan wanhoop en fertriet oer te bringen op it publyk.

Mei in list fan de non Lioba kin de ûnskuld fan Alrun en de skuld fan biskop fan Keulen bewiisd wurde. De biskop dy’t spile wurdt troch Teun Plantinga wit mei syn mimyk in soad humor yn syn rol te lizzen. Ek hy heart nearne mear by, no’t er syn gesicht ferlern hat en sint dêrom op wraak. By de Friezen siket er help om Bonifatius te fermoardzjen. Se hawwe ommers in mienskiplike fyân. De man dy’t de hillige iek fan de Friezen omhakte, dy’t de godstsjinst fan it folk útroeie wol. Dy man moat dea!

In musikal oer ‘hearre by’, dêr’t de emoasjes goed te fielen binne troch de yntimiteit fan de lokaasje fan de Bonifatiuskapel. It publyk sit op in pear meter ôfstân fan de spilers en kin se hast yn ‘e eagen sjen. It dekôr is simpel en subtyl, mar it entoeraazje fan ljocht, fakkels en de stylfolle dûns en sang fan in eftergrûnkoar fan nonnen makket de foarstelling kompleet.

Bonifatius stjert en dat gegeven stie der fansels oan te kommen. Dochs foel de ein my in bytsje ôf. De sêne dêr’t Bonifatius fermoarde wurdt is prachtich. Mei fakkels witte de Friezen (foar in grut part spile troch de eardere nonnen) in spannende en driigjende slotsêne del te setten. Mar Bonifatius hat noch mar kwealik syn lêste azem útblaasd of hy springt al wer oer it poadium. Wat my oanbelanget hie it ferhaal ek wol rou ôfrinne meien, mar yn in musikal wurdt fansels in bliid ein ferwachte. De clou wurdt ferteld: elts yn de kapel hat syn eigen foarm fan leauwen. Mar wat hat leauwen foar sin at je gjin leafde kenne? Dy clou hie om my net sa dúdlik sein te wurden, want dat boadskip hie it publyk sels ek út it ferhaal filterje kind. Mar los dêrfan is ‘Bonifatius de Musical’ in skitterjende lokaasjefoarstelling dy’t seker de muoite wurdich is om te besjen!

Kaarten: www.bonifatiusdemusical.nl

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.