Groepsprosessen yn sneak previews

ELSKE SCHOTANUS – 

Bern dy’t op in rychje op ’e bank yn it gymnastyklokaal sitte, twa dy’t ploegen kieze foar it spul dêr’t de gynnastykles mei ôfslút. It lústerjen, it konkeljen: Wa sille wy nimme? En ek: wa wolle wy der leaver net by ha. Op it lêst bliuwe twa bern noch oer: it fine jonkje mei de bril, it skrutene famke, wat te dik ek… Yn Never walk alone, de earste (Nederlânsktalige) foarstelling yn de sneak preview fan Tryater, ein maart, ûndersykje trije teatermakkers it fenomeen ‘groepsgefoel’.

It is leuk om by in groep te hearren en elk yndividu makket part út fan ferskate groepen, mar groepen ha ek har skaadkanten as, yn de hjirboppe beskreaune, elk út de legere – of basisskoalletiid wol bekend foar kommende sêne, der binne de útslutingsmeganismen, der is de groep dy’t him tsjin ien keart. Foar it groepsgefoel oer stiet de iensumens…

Tal fan groepen komme yn Never walk alone foarby: Linedance Cambuursterhoek, it korps Jong Pasveer, kuorkjebalferieniging Pallas 08 en Larp Leeuwarden, minsken dy’t har, bûtendoar yn de Tryatertún by it houtfjoer, útleve yn fantasy-achtige taferielen en dêrmei is it, al kin de gong der op guon mominten wol wat mear yn brocht wurde, in libben en ferrassend gehiel. Op it spylflak fertelle de makkers, Karel Hermans en Aukje Schaafsma, yn dialogen oer har eigen ûnderfinings mei, al as net, earne by hearre. Op in stuit giet Karel nei bûten: ek hy wol meidwaan oan wat dêr bart, mar it brekt him raar op, want nei in misdraging komt er, fol bloed en blauwe plakken werom…

Der is ek de jonge frou dy’t de mikrofoan de seal yn draacht, in lesner en in opstapke klear set en op dûmnystoan  – ‘zusters en broeders…’ – de seal tasprekt oer mienskip en sosjale kohesie. ‘Amen…’ As se klear is, sjocht se stoïsynsk it hear oer oant se, yn in prachtige sêne, stiif as in planke, de seal útdroegen wurdt.

De foarstellingen dy’t Tryater alle jierren yn de sneak preview bringt, binne net ôf en it hoecht ek net safier te kommen dat dy oait neier útwurke en op it poadium brocht wurde. Yn de LC fan 28 maart freget Sietse de Vries him dan ek ôf of Never walk alone in twadde kâns krije sil. Net om’t hy krityk op de útfiering uteret, mar fanwege it grutte tal minsken – goed njoggentich – dat beskikber wêze moat. It stik hat lykwols genôch potinsje om foar in grutter publyk brocht te wurden en yn Ljouwert kin in soad.

Nei it skoft wurdt, ûnder regy fan Jos van Kan, de teatertekst Liet fan myn doarp fan Kees Roorda brocht dat likegoed groepsprosessen as tema hat. It ferhaal spilet yn in doarp dêr’t in soad ynbrutsen wurdt en de bûtensteander – in Poalske jongeman dy’t putsjes docht foar ien fan de bewenners – krijt dêr de skuld fan. Sosjolooch Norbert Elias, auteur fan Gevestigden en buitenstaanders, in stúdzje út 1976 nei de machtsferhâldingen yn in bûtenwyk fan it Ingelske Leicester, soe him de fingers ôfslikje. It boek is noch fan likegrut belang as doe’t it skreaun waard en, nei de ûnrêst nei de dea van Marianne Vaatstra of, koartby, de op oantrún fan Geert Wilders ‘minder, minder’ blèrende seal fol PVV-ers, noch altyd aktueel.

De spilers, dy’t allegear meardere rollen ha, rinne foar in part noch mei de tekst yn de hân, toch makket it gehiel de yndruk ôf en klear te wêzen. Moaie rollen binne der foar Joop Wittermans, net allinne as de foaroanman fan de Partij foar de Takomst, mar ek as ‘de stjerrekiker’, ofwol de doarpsgek. Prachtich, oangripend ek, is Eva Meijering, foarich jier ôfstudearre oan de Toanielskoalle yn Arnhem, as famke fan sechtjin dy’t troch de Poal ‘mei jong skopt’ is. Nei de sneak sjoen te hawwen, is it it wachtsjen op it úteinlike resultaat. Ik bin benijd.

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.