It plak fan Nyk de Vries

Publisearre op 2 december 2015

FREDDY SCHELTEMA & PAUL DE BRUIN –  

Nyk de Vries hat it drok. Syn nije roman ‘Renger’ is krekt út en hy hie boekpresintaasjes yn Grins, Ljouwert en Amsterdam. Dêrby jout hy ek noch ien kear yn de wike les oan de keunstakademy yn Arnhem. Hy is in soad on the road. It wie dan ek dreech om in ôfspraak te meitsjen mar begjin novimber wie it dan safier.


Nyk, wêr binne we hjir?

“We stean hjir op de Ofslútdyk by it Texaco tankstasjon.”

 

“Hoewol’t ik kwa muzyk in alternativeling bin, mei ik ûnderweis graach hitparade muzyk hearre. Fan dat Top 40 ramsj op Veronica of Q Music.”

 


Wat makket in tankstasjon sa spesjaal?

“Hjir komt sa’n ferskaat fan minsken en dêr mei ik graach nei sjen. Ik ha dat ek mei bibleteken. Dêr komme ek allegear ferskillende minsken. Ik ha it idee dat as je âlder wurde, de minsken dêr’t je mei omgean uniformer wurde. De kunde dy’t je hawwe, ha deselde tinkbylden, deselde hobby’s en deselde problemen. Doe’t ik jong wie, gie ik nei de jeugdklup fan it tsjerke. Dêr fûnst in ferskaat oan jeugd. De hard-rockers hongen by wize fan sprekken om sân oere al yn de gerdinen. Dat ferskaat fyn ik hjir ek op it tankstasjon. En je kinne hjir ite.” (We sitte alle trije oan in gehakbal)

Hat dyn fasinaasje foar tankstasjons ek te krijen mei it koart ergens weze? It flechtige?
“Nee, dat is it net. Kinst my hjir wol trije oeren op in bankje sitte litte. Ik bin in observator.”

Hat it ‘ûnderweis wêzen’ ynfloed op dyn wurk?
Ja, myn nije roman ‘Renger’ is foar in part in roadnovel en it giet foar in part oer in Fryske famylje. In heit en soan ferhaal.”

Nei wat foar muzyk lústerest op in tankstasjon? Wat is de Texaco soundtrack?
“Hoewol’t ik kwa muzyk in alternativeling bin, mei ik ûnderweis graach hitparade muzyk hearre. Fan dat Top 40 ramsj op Veronica of Q Music. Lêsten, doe’t ik midden yn de nacht op in tankstasjon yn de polder stie, hearde ik oer de lûdynstallaasje it nûmer ‘All my life’ fan Krezip. Der wie fierders gjin minske. Dat wie prachtich.”

Wy nimme ôfskie. Nyk slacht linksôf rjochting Hollân en Paul en ik nimme noch in bakje kofje. In jong stel komt binnen. It famke giet sitten oan de hege tafel en hy nimt twa sausizebroadsjes út ‘e fitrine. Se laitsje nei elkoar en ite yn stilte. Hy sjocht fereale nei syn faam en ik tink oan de tekst fan ‘All my life’ fan Krezip: ‘Does it ever get any better, or will I feel this way the rest of my life.’

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels