fotografy: Paul de Bruin

It plak fan Jetske Bilker

FREDDY SCHELTEMA & PAUL DE BRUIN –  

It is in prachtige dei. Wy ride oer it smelle dykje tusken Achlum en Frjentsjer. Paul ergeret him oan in 45-kilometer autootsje want hjir ynhelje wol net. Wy binne op tiid foar in ôfspraak met Jetske Bilker, de skriuwster fan ûnderoaren ‘Imitaasjeleer’ en ‘It libben fan in oar’.

Jetske, wêr binne wy hjir?
“Dit is it plakje Kie en wy steane hjir op de Kiestersylsterbrêge. Dat is de brêge oer it Van Harinxmakanaal, ûnderdiel fan de Slachtedyk.”

 

Dit plak moat bliuwe sa as it is. Al komt de yndustry fan Frjentsjer wol hiel ticht by.

 

Wat makket dit plak sa spesjaal foar dy?
“It is hjir stil en boppe op de brêge hast in geweldich útsicht oer de greiden. Wat my fassinearret is dat it kanaal fanôf dit plak ferdwynt yn it lânskip en pas yn Harns werom komt yn de bewenne wrâld. Wat bart der mei it kanaal tuskenyn? Ik draaf twa kear yn de wike sa’n tsien kilometer en dan is dizze brêge myn kearpunt mar ek in bytsje myn Alpe d’Huez. At ik foar myn skema – ik draaf heale maratons – sechtsjin kilometer dwaan moat, dan draaf ik fia de Koningsbrug yn Harns en dizze brêge wer nei hûs, mar net by it kanaal lâns. Dêr is gjin paad. Ik ha wat mei rivieren en kanalen. At ik nei famylje gean yn Deventer meitsje ik steefêst in omwei lâns de Isel.”

En hearre we ek muzyk op de Kiestersyl?
“Op ’t heden draaf ik sûnder muzyk mar ik ha ek in tiid hân dat ik Oasis spikerhurd oer myn eardopkes hie. Of opera. Dat draaft ek lekker.”

Hat dit plak ek ynfloed op dyn skriuwen?
“Tink it wol. Troch it iepen lânskip en omdat it hjir altyd moai is. Sels by rein en tsjin de wyn. As it net wol mei myn roman, as ik fêst sit, dan kom ik hjir earder op it idee dat it ek best oars kin en mei. Bygelyks just nét it perspektyf fan de haadpersoan nimme mar dat fan alle minsken derom hinne. Sadatst hieltyd wer in oar byld fan de haadpersoan krijst. Sa’n ynfal krij ik net achter de pc. Dêr tink ik mear dat ik op de ien kear ynsleine wei fierder moat.”

Moat hjir ek wat feroare wurde?
“Foar my net. Dit plak moat bliuwe sa as it is. Al komt de yndustry fan Frjentsjer wol hiel ticht by.”

Traach gliidt in âld skip oer it glêde wetter. Twa fiskers stoarje nei harren dobbers. We fiele ús suver skuldich om lûd te meitsjen. En we flústerje it gedicht fan Tsjisse Hettema: ‘De soele wyn komt fan Kie mei it gemak fan praten’.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.