It plak fan Anne Feddema

Publisearre op 7 juli 2016

FREDDY SCHELTEMA & PAUL DE BRUIN –  

It is drok yn de stêd. It liket wol of it oeral útferkeap is. Dêr komt by dat ús haadstêd somtiden krekt in bouput is. Oeral wurde te pas en te ûnpas strjitten iepen skuord. Wy wrakselje troch it ferkear yn ’e binnenstêd op wei nei ús ôfspraak mei Anne Feddema, keunstner, muzikant en skriuwer. Nei’t wy twa kear misride, fine wy it adres. Anne stiet bûten al op ús te wachtsjen.

Anne, wêr binne we hjir?
“Wy binne hjir yn myn hús op de Noordvlietstraat, in sydstrjitsje fan Het Vliet. Dit diel fan Ljouwert hat wat lêst fan in negatyf imago, mar it is ek in gemoedlike folksbuert. It is suver in doarp yn de stêd. Doe wy dit húske yn 1989 kochten, fielden wy hjir ús dalik thús. Dat wy hjir hingjen bleaun binne hat te meitsjen omdat wy honkfêst binne mar ek troch familiêre omstannichheden. De bern binne hjir opgroeid en dan ferkas je net gau. Ik wenje hjir, mar it is ek myn skriuwersplak en atelier. Wy libje ûnder, mar op souder is myn kreative plak.”

Nei de tee geane wy in etaazje heger en komme yn in doalhôf mei romten fol gitaren, keyboards, skilderijen mar foaral boeken. In hiel soad boeken.

 

Hjir stean myn ynstruminten, myn skildersattributen, myn muzykynstallaasje en boeken. Dit is myn plak. Dochs is it nuver dat ik myn grutste literaire suksessen hjir net skreaun ha.

 

Wat makket dit plak sa spesjaal?
“Ik fiel my hjir senang omdat ik alles by de hân ha. Hjir stean myn ynstruminten, myn skildersattributen, myn muzykynstallaasje en boeken. Dit is myn plak. Dochs is it nuver dat ik myn grutste literaire suksessen hjir net skreaun ha. Sa wûn ik de Gysbert Japiks priis foar ‘Reidhintsje op ’e Styx’ dat skreaun is yn Spanje en foar ‘De Trienen Foar Cheetah’, dêr’t ik de Rink van der Velde priis krige, haw ik skreaun yn Berlyn.”

Berlyn?
“Ja, ik ha dêr oardel jier wenne. Berlyn is in apart en ynspirearend plak. Ik hierde dêr in appartemint en ien kear yn de moanne kaam myn frou del. Mei bus of trein, wy ha gjin auto. Al rille gau stie dat appartemint fol mei keunst en boeken, want ek dêr begûn ik te sammeljen. Fan sa’n plak meitsje ik myn plak.”

Wat foar muzyk hearst hjir?
“Ik lústerje in soad nei klassike muzyk. Dat doch ik op Spotify. Ik ha ek perioaden dat jazz myn foarkar hat en somtiden is it flamenko. Mar ik draai ek CD’s mei âlde Britpop sa as The Kinks en Small Faces en bands as Blur en Nirvana.”

Soest wat feroarje wolle oan dit plak?
“Nee, ik wol neat feroarje, mar sa no en dan moat ik hjir wat oarderje. Dan meitsje ik wêr ‘system in madness’. Dus romje ik wat op en sko ik balen tekenpapier en dizze rôlen skuorpapier oan de kant.”

Skuorpapier?
“Ja, dat is prachtich spul om op te skilderjen. Ik ha it bedriuw wat dit fabrisearret, frege at se ek wat oer hienen en sa krige ik in pear rôlen. Fergees. Krekt as dit karton fan ‘kant en klaar maaltijden’. Is ek geweldich om mei te wurkjen.”

Anne jout ús in rûnlieding troch de keamers. Romten fol mei keunst. En by elts skilderij hat hy in ferhaal. Oer it materiaal, oer de kleuren, oer de makker. Wy krije in privee masterclass keunstskiednis. Nei in noflike middei lit Anne ús út en wy minge ús wer yn it spitsferkear. ‘In moaie dei’ preuvelet Paul tusken it flokken op oare automobilisten. In moaie dei, yndie.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels