Hee hoo hee hoo

ARJAN HUT – 

Dyn lêste bondel ferskynde yn 1999. Hast gjin ferlet om in nijen gear te stallen? “Ja. Der is ek wol fraach nei, gek genôch, mar ik kom der mar net ta.” Sei Tsjisse Hettinga yn in ynterview op Doar.nl sa’n tsien jier lyn.

Fan’t simmer ferskynde einlings wer ris in nije bondel fan Tsjisse Hettema. Hoewol, bondel? It is in rige gedichten dy’t meimekoar noch gjin tweintich siden besette. De titel, lykwols, is lang genôch foar twa en dêrby tige sprekkend: “Hee hoo hee hoo, de leafde is as de mage fan in ko.”

 

“Ik bin gjin dichter mei bondeltsjediarree.”

 

By guon dichters komt it as it komt en it wurk lit him net driuwe. “Ik bin gjin dichter mei bondeltsjediarree”, fertelde Hettema my ris doe’t ik him trof op de Bûterhoeke yn Ljouwert. It begryp ‘bondeltsjediarree’ is my altiten bybleaun. Alle jierren in nije bondel, dat is faaks net hielendal fris.

Hettema nimt de tiid en de romte, lit it each weidzje en de taal sjocht mei him mei. It earste gedicht, in trijelûk, skildert in stel op in skip, mei romantyske, waarmbloedige rigels as ‘út it roefke reauntet ljocht / tsjin de kaaimuorre’ en ‘it roer driuwt / willich / op ‘e rein nei de wyn’.

It twadde fers, ek in triptyk, hjit ‘De See’ en yn it tredde trio stappe wy ‘Oan Lân’ en doarmje mei toeriste-eagen troch de haven. De titel ropt yn it ramt fan see en havens by my it mankelike lûd fan seemanslieten op.

In dichteresse dy’t ik in eksimplaar fan ‘Hee hoo’ joech, moast gychelje om de titel. Net allinne om de wurden sels, mar ek om it ritme, dêr’t men in bytsje seesiik fan wurdt. Fierder roppe rigels in sfear op dy’t weaget fan erotyk nei relaasjespanning en wer werom.

Yn ‘De See’ leit ‘in moai ovaal achterwurk’ op de baren en leit oan de ein ‘it moaie akkoard / lamslein tusken de snaren’. Somtiden komst wurden tsjin dy’t miskien wol net iens besteane (Ferloevje? Ferploffe? Fammensrakken?) of miskien steane se wol yn ien as oar poëtysk skippersalmanak.

“Kinne wy sa sile / mei de motor oan?”

Ut ‘e rakken fan it wibeljen op see komt men oan lân en dan hakt Hettema der as dichter efkes lekker ‘hardcore’ yn, troch sitaten út Aldfryske wetsteksten – De fiif kaaien fan de wysheid, dêr’t it wurd kaai (“sleutel”, mar ek “kade”) yn al syn betsjuttings skittert – te kombinearjen mei syn eigen wetten.

Nei it koarte slotfers ‘Hoe no fierder’ leit it paad der lykwols iensum hinne. Seesiik fan de leafde moat men dochs fierder. Of nochris werom nei it begjin? ‘Hee hoo hee hoo, de leafde is as de mage fan in ko’ is útbrocht by útjouwerij Frysk en Frij en kostet fiif euro.

 

Comments
Ien reaksje oan “Hee hoo hee hoo”
Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.