De greidefûgel is hot

Publisearre op 23 oktober 2017

JULIA VAN BOHEMEN – 

De greidefûgel is hot. Sa bot sels dat se ûndertusken mei beide poatsjes midden yn it kulturele fjild telâne kommen is. Wat hat de natuer oan dat fjild fol keunstsinnige oandacht foar de skries? Is it in trend om natuer mei kultuer te ferbinen? Bern jouwe ditkear it antwurd.

Op syk nei wêr’t de ferbining sit en oft dy sinfol is, treffe wy mannich stifting, feriening en Kulturele Haadstêd-projekt dy’t it tema oppakke om it teloargean fan de greidefûgel te ûnderbrekken. Fjouwer lytse plattelânsskoallen yn ’e Greidhoeke, dy’t mei kop en earen yn ’e greiden sitte, dogge dat ek. Oars as by al dy oare projekten, wurdt der yn earste ynstânsje gjin wurd sein oer de delgong fan it tal fûgels. Wol wurdt de skries, mei in sinderke, sekuer yn ’e gaten hâlden op syn trektocht troch Europa. Learlingen folgje syn flecht fan Noard-Afrika oant Wommels, fan it Portugeeske Amalia oant Baard. En de learlingen ûntdekke út eigen beweging, teminsten sa liket it, dat dy skries nei sa’n alderheislikst lange tocht by thúskomst in skeamel lantsje treft. Want ûndertusken freegje se har ôf hoe’t hy sa’n enoarme tocht folhâlde kin. Wat yt de skries en wêr hellet er syn enerzjy wei? Fansels út greiden fol mei blommen, ynsekten en wjirms. Wêr binne dy? En dan folget in grutte syktocht, want sa’n greide is amper noch te finen. Foar de skries moat dat krekt sokssawat wêze as nei in hiele middei fuotbaljen thúskomme yn in kâld, stil en ûngesellich hûs mei in lege kuolkast.

 

Hoe kinne wy derfoar soargje dat dy skries it yn Baard wer gesellich fine sil?

 

Net allinne de skries komt dan bedragen út, mar ek de bern ûnderfine dat gefoel. Dy ferbining, dat bewustwêzen; dêr leart in bern fan. It sjocht, ûndersiket, stelt fragen. No wol it mear witte. Op syn minst hoe’t dy kuolkast fol komt. Oftewol: hoe kinne wy derfoar soargje dat dy skries it yn Baard wer gesellich fine sil? Wy wolle him takom jier ommers wer sjen, want sa lang bliuwe wy him folgjen op it byldskerm.

Ut it rút fan it klasselokaal yn Baard sjochst neat oars as grien. De greidefûgel sit hjir yn ’e eftertún en sûnder al dat omtinken foar de skries soe gjin learling dêr frjemd fan opsjen. De deskundige wittenskipper docht dat wol. Syn ûndersyk lit sjen dat it der alle jierren minder wurde. De earderneamde reden: it bioferskaat is fier te sykjen yn it lânskip. In gegeven dêr’t krante en magazine fol mei steane en dêr’t it inisjatyf Kening fan ’e Greide tsjin striidt. It bioferskaat moat weromkomme. Wy wolle wer greiden fol mei blommen, ynsekten, wjirms. En dat de boer it meanen útstelt en de greidefûgel de kâns jout om te brieden en syn jongen it paad te wizen yn dizze wrâld. Sadree’t dy inkelde skries dus foet op Fryske boaiem set, wurdt der net allinne in stream fan mediaoandacht yn gong set, mar komt ek it kulturele fjild yn beweging. Dit moat de wrâld ommers witte.

 

Bern stelle de fragen.

 

Mar wa binne ‘de wrâld’? Yn in protte gefallen binne dat de boer, de sjoernalist en de konsumint. Dat dogge se yn ’e Greidhoeke oars. Hjir hawwe belutsenen, sa as learkrêften, keunstners en natuer- en miljeu-organisaasjes, oan de bern tocht en op in doelbewuste en keunstsinnige wize wurk makke fan de problematyk.

It ûndersyk nei fleangedrach en libbensromte dat de bern sels útfiere én it folgjen fan dy iene skries makket de fûgel foar de bern in bytsje ‘eigen’. De bern wolle mear fan him witte en hawwe in soad fragen. Wêr is ús skries? Wat yt er? Hoelang kin hy fleane? Wêr komt er wei? Yn harren ûndersyk besykje se yn kontakt te kommen mei learlingen op skoallen lâns de rûte fan de skries. Learlingen yn België, Frankryk, Portugal en Mauritanië. Dy kenne ‘ús’ skries ommers ek en fia de digitale wei – maile, Skype – skept dat in bân. In prachtige en doeltreffende manier fan ûndersykjen en learen tagelyk. Learkrêften fan de skoallen yn Baard, Itens, Wommels en Winsum ferdjippen harren yn dizze wize fan lesjaan oan ’e hân fan de wurkfoarmen ‘ûndersykjend leare’ foar de boppebou en ‘ferhalend ûntwerpe’ foar de ûnderbou. Se leare ôf om learlingen fan alles foar te kôgjen.

Bern stelle hjir de fragen. It antwurd sykje se mei help fan harren eigen kwaliteiten en feardichheden en mei de help fan ûnder mear keunstners, bouboeren, natuer- en miljeu-organisaasjes, en se uterje dat yn kreativiteit en keunstsinnichheid. Dy uteringen diele se ferfolgens mei de bern yn it bûtenlân. Dat kin wêze troch in tekening sjen te litten, in eigenskreaun ferske hearre te litten, it fertellen fan in ferhaal, it útwikseljen fan filmkes en gean sa mar troch. Sa wurde se harren mear en mear bewust fan harren eigen omjouwing én dy fan de skries. En as dy omjouwing net goed is, net genôch leefberheid biedt en net genôch iten, dan wolsto as bern dêr wat oan dwaan. Do witst ommers: as dy skries it goed hat, ha ik it ek goed. As ik dy kuolkast fol oantref, mei dy skries ek wat ferwachtsje.

Dat dêr in flinke poarsje kreativiteit foar nedich is, lit him riede. Learlingen begjinne yn oplossingen te tinken en te kreëarjen. As wy dat no ris gearfoegje mei alles wat se troch eigen ûndersyk te witten kommen binne oer de natuer, dan is de ferbining in feit. De ferbining tusken natuer en kultuer. Of keunst, as jo dat leaver hawwe.

 

It antwurd helje wy net út in boek.

 

Yn ’e Greidhoeke ha se dat dus goed begrepen. De fjouwer earderneamde skoallen setten 1 maart útein mei it projekt Greidhoeke Goes Onderwijs, mei in College Tour troch greidefûgelprofessor Theunis Piersma. Goed 250 learlingen krigen in boost kwa kennis en kunde oer de skries. Sinfol? Jawis. De keppeling tusken it libben fan de skries en harren eigen libben wurdt ommers helder troch kreative prosessen, begelaat troch juf of master. Leare wy oer de skries en syn omjouwing, dan fergelykje wy dat mei ús eigen omjouwing, ús eigen mienskip. En mei dy fan bern yn it bûtenlân dy’t oan ’e rûte wenje dêr’t de skries del fljocht. De learlingen wurde net allinne konfrontearre mei de feiten, mar ek mei harren gefoelens oer it lânskip en alle maatskiplike trends as it om de natuer giet. De fraach wat it foar ús betsjut as de skries útstjert troch ferlies oan bioferskaat yn it lânskip, bliuwt sintraal stean.

It antwurd helje wy net út in boek. As professor Piersma de ôftraap fan it projekt docht, begjint er mei de meidieling dat er dy moarns betiid al in flink tal skriezen sinjalearre hat dy’t krekt oankommen binne yn Fryslân. Dêrmei hat er fuort de oandacht fan de bern te pakken. Net yn it lêste plak fanwege syn ‘net-wittenskiplike’ foarkommen. Outdoorbroek, stevige skuon, it hier as hat de wyn der flink trochhinne waaid en in fotokamera oan it skouder. Dit is in man fan it bûtenfjild. Dizze keardel hat syn kennis dúdlik ek net út in boek, mar is in ûndersiker dy’t it fjild yn giet. En dat wolle alle bern ek wol. Nei bûten, de greiden yn. Op syk nei de skries. Op syk nei harsels.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels