Gedichten ‘Poetic Potatoes’

Publisearre op 25 september 2014

Juster binne de earste gedichten fan it projekt Poetic Potatoes ferstjoerd nei Malta. Under tafersjoch fan Deputearre Jannewietske de Vries en boargemasters Krol en Crone is in jirpelkistje mei gedichten fan Hein Jaap Hilarides, Gryt Witbraad, Tjitte Piebenga, Sito Wijngaarden, Remco Kuiper, Sytse Jansma en Willem Schoorstra yn it Frysk, Nederlânsk en Ingelsk op transport set nei Valetta. Poetic Potatoes is in projekt fan de Stichting Bildse Aardappelweken yn it kader fan Ljouwert Kulturele Haadstêd 2018. de Moanne fersoarge de seleksje fan de gedichten. Yn maart 2015 folget der in útwikseling mei gedichten fan Malta.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels