Falske romantyk

Publisearre op 5 januari 2016

Achte hear Algra,

De earste wike fan jannewaris, dat is fansels de wike fan it weromsjen. Weromsjen op de krystfakânsje. Hoe hawwe we ’t yn godsnamme oerlibbe: al dat iten en drinken, al dy besites, al dy listjes fan moaiste, minste, leukste of lestichste boeken, films, programma’s en politisi; of al dy mankelike ferhaaltsjes fan Top 2000-harkers oer hoe gesellich se it froeger hienen, doe’t it libben noch goed en de ferwachtings noch heech wienen.

 

De diskusje oer it aaisykjen is lykwols ôfglide ta in begrutlik wolles-nettes nivo dêr’t men him as ynwenner fan dizze provinsje foar skammet.

 

Ja, harkje nei de Top 2000, dat is dochs de hope op foarútgong en nocht oan de takomst opjaan. Yn in wike Top 2000 is it wurd ‘fernijing’ net ien kear fallen. Ik ha net ien heard oer moaie plannen en ambysjes, it is allinnich mar gewauwel oer wat ea sa moai wie mar no net mear bestiet.

Ja, dan is it logysk dat Claudia de Breij sa heech stiet mei in ferske dat giet oer bang wêzen en skûljen. As we net mear foarútsjogge bliuwt der neat oars mear oer as de eangst om it besteande te ferliezen. It leafst wolle we hawwe dat de bedriging fan bûten komt en dat dy ek noch wat ûnsichtber en ûnbegryplik is, dan kin it ommers noait oan ússels lizze. Dan binne we ûnskuldige slachtoffers, en is it noflik skûljen mei in rein gewisse achter de brede skouders fan de flinke freon.

Sa skûlet de hiele aaisikerswrâld achter jo brede skouders en stoere kop. Bang om har tradysje te ferliezen, eangst foar de ûnwisse takomst, protteljend oer dy ûnferstannen dy’t de hillige twa-ienheid ‘sykjen-neisoargjen’ net begripe wolle. En jo nimme jo taak serieus, dus jo roppe om it hurdst dat it jim skuld allegear net is fan dy ljippen. It leit oan de boeren, de foksen, de faunabeskerming, Sovon, de provinsje, de stêdsminske, en wat al net. En dus moatte jim jim foaral dy 5.000 aaien ta-eigenjen bliuwe kinne. Oars wolle jim net mear helpe yn de oarlochstiid, as de greiden it slachfjild wurde fan de bulldozer-cyclomeaners.

Tsjongejonge wat in helde-praat, sis. De generaal dy’t it fjildhospitaal ûntrommet omdat syn ferplegers de slachtoffers net langer earst de gouden ringen fan de fingers helje meie. By sa’n freon soe ik net skûlje wolle as it oarloch wurdt.

Nee, doch my mar in generaal dy’t foarútsjocht. Net ien dy’t fêsthâldt oan in ferlern achterhoedegefjocht, mar ien dy’t ynsjocht dat de striid folle mear is as it heljen fan syn gelyk. Ien dy’t begrypt dat der yn in needsitewaasje gearwurke wurde moat. Dat dit gefjocht allinnich mar wûn wurde kin as der in alomfetsjend deltaplan opsteld wurdt dêr’t elkenien syn hanteken ûnder set: boeren, banken, bestjoerders, molkfabriken, jagers, wittenskippers, natuerbehearders, boargers en neisoargers. In generaal dy’t deryn slagget om de hiele maatskippij te mobilisearjen en sa dy grutte sprong nei foaren te meitsjen, dy fertsjinnet in ekstra stjer.

De diskusje oer it aaisykjen is lykwols ôfglide ta in begrutlik wolles-nettes nivo dêr’t men him as ynwenner fan dizze provinsje foar skammet. Wylst der yn ús lânskip in oarloch geande is dy’t we óf definityf ferlieze, óf glorieus winne as we der yn slagje om mei syn allen in omslach te meitsjen dy’t de lânskiplike equivalent is fan de Salt-verdragen, it Akkoord van Wassenaar of it Verdrag van Parijs.

Mar sa’n grutte stap freget sterke lieders. Gjin brede skouders om achter te skûljen, mar in brede fisy op it ûnderwerp, en goeie ideeën foar fernijing en foarútgong.

Mar de rju achte fûgelwachters hawwe spitigernôch in lieder dy’t oant no ta leaver de held úthinget yn Falske Top 2000-romantyk.

 

Bart Kingma

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]