Eureka!

Publisearre op 19 februari 2014

EELCO VENEMA – 

Boppesteande kreet waard neffens oerlevering útroppen troch Archimedes dy’t neaken oer de strjitten fan Athene rûn. Hy hie in belangryk wiskundich fraachstik oplost en in wet útfûn dy’t fan dit punt ôf syn namme krige. Mar wat hat dizze anekdote mei de de teaterfoarstelling te krijen dêr’t ik it oer ha wol? Op himsels net sa’n soad yn wiskundige sin, mar it Eureka-gefoel is eat dat ik hast altyd fiel as ik nei in foarstelling gean fan Jakop Ahlbom.

Jakop Ahlbom is in teatermakker dy’t yn ‘e ôfrûne tsien jier, mei sukses, in eigen styl ûntwikkele hat dy’t in kombinaasje foarmet fan teater, dûns, mime en yllusjonisme. Syn foarstellingen binne spannend, grappich, nuver, fisyk en musikaal. En alle kearen as ik yn ‘e seal sit en in Ahlbom-foarstelling sjoch, dan tink ik by mysels: ‘Dit is wêrom’t ik yn it teater kom, dit is it teater dat ik sjen en meitsje wol, Eureka!’ En ferfolgens huppelje ik neaken oer de Nijstêd nei hûs. Ok, dat lêste krekt dan net.

Mar ik bin fansels gjin Jakob Ahbom. Foar in yllusjonist en dûnser bin ik net yn ‘e widze lein, helaas. De treast is dat ik alle jierren wer útsjen kin nei in folgjende absurde útspatting fan Ahlbom mei syn fisike kaprioalen en surrealistyske bylden.

Dit seizoen komt Ahlbom mei in thriller slash horror mei Tamara van den Dop en in soad ûngedierte yn in motelkeamer. ‘Bug’ is in ferhaal oer leafde en paranoia. En ik mei, as echte fan, mei grutskens ferkundichje: ’Komt dat zien, minsken!’

 

Bug is op 28 febrewaris te sjen yn de Lawei yn Drachten

 

 

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Opiny,Teater

    HANS BRANS - Een festival van twaalf dagen om een nieuw artistiek leider welkom te heten - dat is een opmerkelijke, nooit eerder vertoonde openingszet. [...]

  • MARITA DE JONG  - Akteur Freark Smink is yn 1948 berne yn Sondel. Hy hat 15 jier as akteur ferbûn west oan it toanielselskip Tryater. [...]

  • Kategory: Resinsje,Teater

    SOPHIE TEKELENBURG - ------------------------------------------------------------------------------------------------------------ Van: Sophie Tekelenburg Aan: redactie de Moanne Datum: 28 april 2004 Onderwerp: “Yerma” van Tryater ------------------------------------------------------------------------------------------------------------- Beste redactie, Yerma, van de [...]