Dette Glashouwer en ‘It Jild’

Publisearre op 7 september 2015

HENK VAN DER VEER – 

Swalk komt dit jier mei in nijsgjirrich programma oer it aktuele tema ‘Jild’, fol Fryske muzyk, teater, keunst, ferskate lokale talintfolle gasten én Dette Glashouwer. Sa ronkt de kleurige folder dy’t de produksje oankundiget. Dette Glashouwer? Dé Dette Glashouwer? Dy fan Suver Nuver? Jawis! Henk van der Veer prate foar de Moanne mei de aktrise oer har meidwaan oan it program en oer wat sy mei jild hat.

“Ik fyn jild in stronferfelend ûnderwerp, ik haw der hielendal neat mei. Ek noait hân. Dat is dan wol wer ynteressant. At we budzjetbeprekkings hiene foar teaterproduksjes wie ik altyd sjagrijnich. Ik haw mij sa faak ôffrege wat dêr achter sit. Ik haw boeken oer jild lezen, kursussen dien en gean sa mar troch om der achter te kommen. Kinst it psychologysk benaderje, kinst it neutraal benaderje, mar it bliuwt dreech om no te sizzen wat jild mei in minske docht. It jildsysteem basearre op skuld en rente wurket ontwrichtend, dêr bin ik wol achter kaam”, seit Dette.

 

“Ik fyn jild in stronferfelend ûnderwerp, ik haw der hielendal neat mei. Ek noait hân. Dat is dan wol wer ynteressant.”

 

De Parade
Dette Glashouwer (1960) hat krekt wer mei it teaterstik Casino Royale op De Parade fan Amsterdam stien. Tegearre mei Peer van den Berg en Henk Zwart hawwe se alle registers iepenlutsen. Nefens guon lju dy’t it optreden meimakke hawwe, wie it ‘briljant’. It trio ‘zette humor, intellect, ranzigheid en bizarre fratsen in om onze financiële stelsel uit te beelden’, waard der oer skreaun. Do hast wer optreden mei Suver Nuver?

“Ja, prachtich no! Spesjaal foar it 25-jierrich jubileum fan De Parade binne wy noch ien kear byelkoar kaam. We woene gjin gewoane reüny, it moatst wat aktueels hawwe, hoe’t wy yn ’e tiid stean. It wie wol spesjaal om wer mei elkoar op te treden. Yn 2008 hawwe wy ús ôfskiedsfoarstelling jûn, dat wie doe nei 21 jier goed. Mei dizze foarstelling koene we ferkillende hichtepunten út it Suver Nuver oeuvre noch werris foarbykomme litte. De muzyk wie fan Joop van Brakel en wy krigen ek noch stipe fan trije musicalstazjêres fan Codarts út Rotterdam. Moniek Merkx hat ús regisearre. Ik fûn it hearlik om te dwaan, de ûndertitel fan Casino Royale seit safolle Je weet dat je belazerd wordt, maar het is heerlijk“, wit Dette.

 

Swalk
En dan meisto fanôf freed 11 septimber wer oan ’e bak yn Fryslân mei it program Swalk. Tsien optredens oeral yn de provinsje. Hoe sjocht dat programma der út?

“Ik bin gast yn it programma fan Wiebe Kaspers, niks mear en niks minder. It tema is ‘Jild’, noch like aktueel as 600 jier foar Kristus. Doe seinen de Sinezen al: jild moat rôlje. Mar om it goed rôlje te litten moat it yn ferhâlding wêze. As rike minsken te ryk wurde en earme lju te earm, is it út balâns en dan keart it de boel op. Mar wa moat foar de júste ferhâlding soargje? Dat is ien fan dy fragen dy’t noch altyd aktueel binne. En hoe komt it toch dat net allinnich earme minken mar ek minsken dy’t jild hawwe altyd harren bêst dogge om der mear by te krijen? Wat docht jild mei minsken? Minsken mei jild hawwe net perse minder stress as minsken sûnder jild.”

“Guon minsken dy’t in grut jacht hawwe, wurde hielendal raar at se sjogge dat in oar in noch grutter skip besit. Dat yntigearret my. Bestiet er soks as genôch en hoe fielt dat dan? No datsoarte fan dingen freegje ik my tidens it Swalkoptreden ôf. Fierder sil Wiebe Kaspers optrede mei muzkanten Daan Slagter en Florian den Hollander. En der komme lokale talintfolle gasten yn ús programma, dat troch Wiebe presintearre wurdt”, fertelt de aktrise.

 

Spoedkursus ekonomy
“Oft it optreden in spoedkursus ekonomy is”, herhellet Dette Glashouwer myn fraach, wêrnei’t der even in stilte falt. “Ekonomen witte sels net iens goed wat jild is, docht bliken, mar at elkenien witte soe hoe’t it jildsysteem ynelkoar stekt, brekt foar moarnier de revolúsje út sei Henry Ford. No haw ik it net sa op revolúsjes stean, mar in bytsje mear kennis en bewustwêzen soe it jildsysteem wat earliker meitsje kinne. Ik haw mei gelearden oer jild praten, mei fisionêrs, systeemtinkers, frijbúters. Wat is jild en hoe kin it oars”, antwurdet Dette.

 

Yn it Frysk
Opfallend is dat Dette Glashouwer, lykas bekend in Friezinne fan geboarte, foar it earst in programma oer jild yn it Frysk docht. “Eins wist ik wol dat jild ien fan myn stille taboes wie. Doe’t ik myn ynkommen kwyt wie, haw ik my der yn ferdjippe. Ik ha doe de foarstelling Geld en Genoeg makke en bin dêrnei op reis gien. Troch Amearika, troch Noorwegen yn Istanboel, neam mar op. Ik bin yn teaters west, op festivals, by banken. Minsken betellen my mei jild of komplemintêr jild. Of ik die oan ruilhannel. Dat programma die ik yn it bûtenlân yn it Ingelsk. No sil ik it tidens Swalk foar it earst yn it Frysk dwaan. Nei ôfrin fan de foarstelling sil ik ek mei it publyk yn petear. Ja, toch?”, freget Glashouwer har lûdop ôf. “Ja, dat liket my wol.”

Wat se mei in miljoen dwaan soe, mocht se dat oait krije of winne, dêr hat se noait echt oer neitocht. Se tinkt meer oer alternativen foar dit jildsysteem. “Ik bin wol hiel benijd hoe’t it programma ferrinne sil. Ik haw der yn elts gefal in soad nocht oan om wer yn Fryslân op te treden”, beslút Dette ús telefoanpetear.

 

Foar it reservearjen en ynformaasje oer it folsleine Swalkprogram: www.swalk.nl

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels